Springe nei ynhâld

Wied (rivier)

Ut Wikipedy
Wied
De Wied by Altwied.
De Wied by Altwied.
geografy
lânflagge fan Dútslân Dútslân
ûntspringt ynby Linden
lokaasje boarne50°36' N 7°51' E
mûnet út ynRyn (by Neuwied) → Noardsee
lokaasje mûning50°26' N 7°26' E
sifers
lingte102 km
hichte boarne463 m boppe seenivo
hichte mûning63 m boppe seenivo
ferfal3,9 m/km
ôfwetteringsgeb.770,8 km²

De Wied is in sydrivier fan 'e Ryn yn 'e Dútske dielsteat Rynlân-Palts. De rivier hat in lingte fan likernôch 102 kilometer en hat de boarne noardlik fan it doarp Linden op in hichte fan 463 m boppe seenivo yn it Westerwâld en har mûning yn 'e Ryn by de stêd Neuwied op 63 m boppe seenivo. Dat betsjut dat de Wied oer de hiele rin in trochsneed ferfal hat fan sa’n 3,9 meter per kilometer, itjinge relatyf stevich is foar in rivier fan dat type yn Dútslân.

Ofwetteringsgebiet fan 'e Wied.

Nei de boarne rint de Wied eastlik by it doarp Linden lâns súd-súdwestslik nei Dreifelden, dêr't it rivierke yn 'e eastlike igge fan it 123 hektare grutte Dreifelder Weiher, de grutste mar yn it Westerwâld, útkomt. Noardlik fan 'e mar rint de rivier fierder yn 'e noardwestlike rjochting oant Altenkirchen. Dêrnei bûget de rivier wer ôf rjochting it westen troch it Natuerpark Rhein-Westerwald oant Neustadt. Healwei Altenkirchen en Neustadt mûnet de wichtichste sydrivier, de Holzbach, út yn 'e rivier. Nei Neustadt bûget de stream ôf yn súdeastlike rjochting oant de mûning yn 'e Ryn by Neuwied.

Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Wied fan Wikimedia Commons.