Wiebe Pitlo
| Wiebe Pitlo | ||
| nasjonaliteit | ||
| bertedatum | 23 novimber 1938 | |
| berteplak | Rijswijk | |
| stjerdatum | 28 desimber 2025 | |
| stjerplak | Balk | |
| partij | VVD | |
| Boargemaster fan Gaasterlân-Sleat | ||
| amtsperioade | 1984 - 2003 | |
| opfolger | Thea de Roos-Van Rooden | |
| Lid fan de gemeenterie fan Hoogeveen | ||
| amtsperioade | 1978 - 1984 | |
Wiebe Pitlo (Rijswijk, 23 novimber 1938 - Balk, 28 desimber 2025) wie in Nederlânsk politikus en bestjoerder.
Syn heit wie molkboer en sels kaam er yn it earstoan yn de fuotspoaren fan syn heit. Nei de mulo helle er it middenstânsdiploma en dêrnei it fakdiploma winkelman. Nei yn it famyljebedriuw wurke te hawwen, hat Pitlo ûnder mear wurke by Nutricia en Felix-Bonzo foar't er yn 1971 wurkje soe by CPC Nederland (CPC stie foar ' Corn Products Company '; letter yn BestFoods en tsjintwurdich ûnderdiel fan Unilever). Dêrneist wie er aktyf binnen de lokale polityk. Sa waard er yn 1975 foarsitter fan de VVD-ôfdieling Hoogeveen en yn 1978 waard er yn dy gemeente riedslid en fuort ek VVD-fraksjefoarsitter. Op 1 jannewaris 1984 folge syn beneaming ta boargemaster fan de op dy datum foarme gemeente 'Gaasterlân-Sleat wat er bliuwe soe oant er yn desimber 2003 mei pensjoen gie.
Wiebe Pitlo ferstoar op 28 desimber 2025, yn 'e âldens fan 83 jier.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
Wikipedy:NL |