Wide Geau

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search

De Wide Geau is in feart yn de gemeente De Fryske Marren. De feart rint yn de Blaugerzen en ferbynt de yn de Doltesleat útkommende Alde Geau mei de west lizzende Terkaplester Puollen.

De Lange Sleat en de Boksleat komme út op de Wide Geau.

De namme Wide Geau jildt sûnt 15 maart 2007 as de offisjele namme, as ferfanging foar de eardere offisjele namme Wijde Geeuw.