Whiskey Tango Foxtrot (film)

Ut Wikipedy
Springe nei navigaasje Springe nei sykjen
Whiskey Tango Foxtrot
Filmklapper.png film
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy)
Whiskey Tango Foxtrot logo.png
makkers
regisseur Glenn Ficarra
John Requa
produsint Lorne Michaels
Tina Fey
Ian Bryce
senario Robert Carlock
basearre op it boek fan Kim Barker
kamerarezjy Xavier Grobet
muzyk Nick Urata
filmstudio Broadway Video
Little Stranger
distribúsje Paramount Pictures
spilers
haadrollen Tina Fey
byrollen Martin Freeman
Margot Robbie
Christopher Abbott
Billy Bob Thornton
Alfred Molina
skaaimerken
lân/lannen Flag of the United States.svg Feriene Steaten
premiêre 4 maart 2016
foarm langspylfilm
sjenre biografyske oarlochsfilm
taal Ingelsk (ek wat Pataansk)
spyltiid 112 minuten
budget en resultaten
budget $35 miljoen
opbringst $24,9 miljoen

Whiskey Tango Foxtrot is in Amerikaanske biografyske oarlochsfilm yn 'e foarm fan in komeedzjedrama út 2016 ûnder rezjy fan Glenn Ficarra en John Requa, mei yn 'e haadrollen Tina Fey, Martin Freeman, Margot Robbie, Christopher Abbott en Billy Bob Thornton. De titel is de ôfkoarting (WTF) fan 'e krêftterm "What the fuck?" werjûn yn it staveringsalfabet fan 'e NATO. De film is basearre op 'e memoires oer de Oarloch yn Afganistan fan 'e Amerikaanske oarlochskorrespondinte Kim Barker (yn 'e film "Kim Baker"). Whiskey Tango Foxtrot krige mingde resinsjes fan 'e filmkritisy en flopte yn 'e bioskopen.

Plot[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 2003 is Kim Baker yn New York in ferslachjouster by in tillefyzjenetwurk, dy't tige ûntefreden is mei de steat fan har karriêre en de ûnnoazele nijsitems dy't se taparte kriget om oer te berjochtsjen. As de Feriene Steaten Irak binnenfalle en it rezjym fan Saddam Hoessein ûnder fuotten helje, tsjogge alle oarlochskorrespondinten fan namme dêrhinne, mei as gefolch dat der net ien oerbliuwt om ferslach te dwaan fan 'e al langer oangeande Oarloch yn Afganistan. It tillefyzjenetwurk ropt alle net-troude sjoernalisten sûnder bern gear, ûnder wa Kim, en trunet harren oan om oarlochskorrespondint te wurden. Kim beslút dêr op yn te gean, ta ôfgriis fan har freon Chris, dy't se lykwols treastget mei it boadskip dat it mar foar in fearnsjier is.

Yn 'e Afgaanske haadstêd Kabul wurdt Kim mei de oare bûtenlânske sjoernalisten ûnderbrocht yn in goedkeap loazjemint dat ûnder swiere bewekking stiet, om't de sjoernalisten troch de Taliban sjoen wurde as fijannen fan 'e islaam en dêrom as in rjochtmjittich doelwyt. Kim slút al rillegau freonskip mei de foaroansteande Ingelske oarlochskorrespondinte Tanya Vanderpoel, by wa't se heech opsjocht. Tanya bringt har yn 'e kunde mei oare leden fan 'e ynternasjonale media yn Afganistan, ûnder wa de Libaneeske korrespondinte Shakira El-Khoury en de Skotske freelance-fotograaf Iain MacKelpie, dy't him mei opsetsin oanstjitjaand hâldt en draacht.

As se yn Afganistan arrivearret, wit Kim eins fan toetsjen noch blazen wat it fak fan oarlochskorrespondint oanbelanget, en foar de Amerikaanske kolonel Hollanek, by waans ienheid se tydlik yndield wurdt, is se in boarne fan argewaasje. Mar de Oarloch yn Afganistan is in hurde learskoalle. Boppedat wurdt Kim bystien troch har fêste liifwacht Nic, in Nijseelânske âld-kommando, en har Afgaanske begelieder Fahim Ahmadzai, dy't fungearret as ferbiningspersoan en as gids, sawol wat geografy as wat kultuer oangiet. Al rillegau begjint Kim har as in fisk yn it wetter te fielen. Se kriget frijmoedige útspraken los fan Amerikaanske mariniers oer de wearde en it doel fan 'e oarloch, en ta ûntsetting fan Fahim wifelet se net om harsels yn gefaar te bringen as dat har in goed ferhaal of moaie bylden opsmyt.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

Hoewol't Kim mar in fearnsjier yn Afganistan bliuwe soe, befalt it har dêr sa goed, dat se folle langer trochgiet. Dat liedt úteinlik ta in brek mei har freon Chris, dy't ûnderwilens in nije freondinne fûn hat. Kim wurket oerdeis en fiert jûns faak oant djip yn 'e nacht feest mei de oare sjoernalisten, mei in protte sterke drank en lûde muzyk. Se bout in beskate bân op mei Ali Massoud Sadiq, de Afgaanske prokureur-generaal, hoewol't se har allegeduerigen yn bochten wringe moat om syn amper bedutsen seksuele belangstelling foar har te neutralisearjen.

It feit dat Kim frou is, soarget ek geregeldwei foar problemen as se bûten Kabul op in misje is, mei't de posysje fan 'e frou yn it strang islamityske Afganistan tige eftersteld is. Oan 'e oare kant biedt har frouwêzen har wol de mooglikheid om mei Afgaanske froulju yn petear te gean, wat foar manlike sjoernalisten ûntinkber is. Sa besiket se mei de ienheid fan kolonel Hollanek op in stuit foar de safolste kear yn in pear jier itselde doarp, dêr't de Amerikanen hieltyd in saad grave sadat de froulju net alhiel nei de rivier ta hoege om wetter te heljen. De saad wurdt lykwols hieltyd wer opblaasd, en it tinken is dat de Taliban dêrefter sitte. Kim ûntdekt lykwols dat de froulju dat sels dogge mei in foarried âlde Russyske lânminen dy't se sammele hawwe. De froulju yn it doarp binne frijwol finzenen yn harren eigen hûs, en it wetter heljen by de rivier is foar harren it iennichste momint fan 'e dei dat se eefkes bûten wêze en mei oare froulju sosjalisearje kinne.

Underwilens reitsje Kim en Fahim befreone yn in lân dêr't soks foar in man en in frou eins net kin. Sa is se te gast op syn brulloft. Nei in troch Kim feroarsake ynsidint yn Kandahar, wêrby't se op in hier nei lyncht wurdt troch in kliber breinroere manlju en Fahim har libben rêde moat, wol er lykwols net mear mei har wurkje. Foar de oarloch wied er dokter en behannele er heroïneferslaafden; hy ornearret dat Kim krekt as dy lju wurden is, mei it ferskil dat se net ferslave is oan drugs, mar oan 'e kick fan it oerlibjen fan gefaar.

As Kim op in jûn út in yllegale kroech wei dronken in taksy werom nei it sjoernalisteloazjemint nimt, is se eefkes net op har iepenst en stapt se op in ferkeard plak út. Se beseft dat se yn grut gefaar ferkeart as Westerske frou allinne yn in nachtlik Kabul, mar lokkigernôch wurdt se fûn troch Iain ear't har wat oerkomme kin. Neitiid jout Iain in terwinkel oan Nic om't dy syn wurk net goed dien hat, wêrby't Nic syn noas brekt. Dyselde nachts reitsje Kim en Iain mei-inoar op bêd. De oare moarns kin Kim harsels wol wat dwaan, om't se Iain eins hielendal net lije mei. As se dy deis nei har wurk wer te feestfieren giet, wurdt se ta har argewaasje oare moarns wer by Iain op bêd wekker. Meitiid ûntdekt se dat efter Iain syn oanstjitjaande hâlden en dragen in ynnimlike man ferskûle giet en krije se in min ofte mear serieuze relaasje.

Nettsjinsteande de ûnderlinge freonskip konkurrearret Kim yn Afganistan mei de oare ferslachjouwers om nijsferhalen en teffens om 'e helpboarnen fan harren wurkjouwers om har 'yn it fjild' te hâlden. Nei trije jier yn Afganistan fljocht Kim nei New York foar in persoanlik petear mei Geri Taub, de nije liedingjaande by har tillefyzjenetwurk, mei as doel om yn 'e nijsútstjoerings mear omtinken te krijen foar har bydragen. As se dêr ienris is, docht lykwols bliken dat it netwurk besletten hat om Tanya yn 'e tsjinst te nimmen foar Kim yn it plak. Dat liedt ta in lulke konfrontaasje wêrby't de freonskip tusken de beide froulju beëinige wurdt.

Underwilens reizget Iain foar in nijsferhaal nei de krite Badachsjan, yn noardlik Afganistan, mar ûnderweis wurdt syn bus tsjinkeard troch de Taliban en wurdt hy finzennommen en ûntfierd. Kim is dejinge oan wa't er in sms-ke stjoerd mei it berjocht dat de bus tsjinhâlden wurdt en dat dit net goed ôfrinne kin. Se hastiget har werom nei Afganistan, dêr't se fan 'e lofthaven ôfhelle wurdt troch Fahim. Se giet nei Hollanek, dy't ûnderwilens promoasje krigen hat ta brigadegeneraal by de mariniers, en freget him om help. Se praat derop om dat de kommando's fan it Amerikaanske Leger en de SEALs fan 'e Amerikaanske Marine oates en toates yn it nijs binne mei harren aksjes, mar dat it Amerikaanske Marinierskorps, dat yn Afganistan it deistich wurk opknapt, amper neamd wurdt. Wat no as de mariniers in rêdingsaksje útfierden dy't filme waard troch in kameraman dy't by harren embedded wie. Hollanek hat dêr yn prinsipe wol earen nei, mar as er net wit wêr't er sykje moat, wurdt soks neat.

Dêrop set Kim nei Ali Massoud Sadiq ta, dy't har ris ferteld hat dat der yn Afganistan neat bart sûnder dat hy der wat fan wit. Hy wol har wol helpe, as sy mar in "spesjale freondinne" foar him wurde wol. Ynstee fan op syn taspilings op seks yn te gean, lit se him in filmke sjen dat troch de befeiligingskamera's opnommen is op in jûn doe't er har yn it loazjemint foar sjoernalisten besocht op te sykjen en doe't se him ôfpoeiere nei't er op 'e strjitte in dûnske dien hie om sjen te litten dat Afganen ek wol witte hoe't se feestfiere moatte. It liket wol, seit se, as oft de prokureur-generaal fan 'e Islamityske Republyk Afganistan dêr dûnsjend troch de strjitte giet nei in feest fan Westerske fijannen fan 'e islaam dêr't de sterke drank ûnbeheind floeit. Mei dy sjantaazje-aksje wit se ynformaasje fan him los te krijen oer it plak dêr't Iain fêstholden wurdt. Hollanek stjoert syn mariniers út dy't Iain befrije, mei Kim har kameraman Lange Brian derby, dy't it hiele barren filmet.

Mei dat spektakulêre nijsitem is Kim ynienen wer yn 'e graasje by har tillefyzjenetwurk. Se is lykwols desyllúzjonearre rekke mei it oarlochswurk, en easket fan Geri Taub in pleatsing yn New York of Washington, D.C. Sa beëiniget se har ferbliuw yn Afganistan, nimt ôfskie fan Iain en Fahim en har kollega's en keart werom nei de Feriene Steaten. Dêr siket se korporaal Coughlin op, ien fan 'e earsten dy't se yn Afganistan ynterviewde. By harren konfrontaasje hat Tanya derút blaft dat Coughlin troch syn loslippichheid yn syn fraachpetear mei Kim oerpleatst waard nei Helmand, dêr't er troch in bermbom beide skonken kwytrekke is. Kim fielt har dêr ferantwurdlik foar en giet nei him ta om har te ûntskuldigjen. Se hat har derop taret dat Coughlin har goed it mannewaar opsizze sil, mar hy seit inkeld dat se harsels net wichtiger meitsje moat as se is en dat je net oanhâlde kinne mei efterom te sjen. Letter moat Kim foar har wurk as nijslêzeresse Iain ynterviewe, dy't in boek skreaun hat oer syn ûnderfinings as oarlochsfotograaf. Under in reklameblok seit er dat er oan 'e ein fan 'e wike yn New York wêze sil en freget er har om in kopke kofje mei him te drinken.

Rolferdieling[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

haadrollen
personaazje akteur/aktrise
Kim Baker Tina Fey


byrollen
personaazje akteur/aktrise
Iain MacKelpie Martin Freeman
Tanya Vanderpoel Margot Robbie
Fahim Ahmadzai Christopher Abbott
kolonel, letter brigadegeneraal Hollanek Billy Bob Thornton
Ali Massoud Sadiq Alfred Molina
Shakira El-Khoury Sheila Vand
Nic Steve Peacocke
Lange Brian Nicholas Braun
korporaal Coughlin Evan Jonigkeit
Geri Taub Cherry Jones
Ed Faber Scott Takeda
Chris Josh Charles
sersjant Hurd Sterling K. Brown
passazjier yn fleantúch Thomas Kretschmann

Produksje en distribúsje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Produksje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn febrewaris 2014 kundige komédiënne Tina Fey oan dat har filmstudio Little Stranger it boek The Taliban Shuffle: Strange Days in Afghanistan and Pakistan ferfilmje soe mei harsels yn 'e haadrol. Dat wie de memoire fan 'e Amerikaanske oarlochskorrespondinte Kim Barker fan 'e Chicago Tribune oer de jierren 2003-2006, doe't se yn Afganistan en Pakistan de Oarloch yn Afganistan fersloech.

De filmprodusinten namen foar de film de titels The Taliban Shuffle en Fun House yn omtinken, mar keazen úteinlik foar Whiskey Tango Foxtrot, oftewol de ôfkoarting (WTF) fan 'e krêftterm "What the fuck?" werjûn yn it staveringsalfabet fan 'e NATO. Dy namme wie ûntliend oan Whiskey Tango Foxtrot, de memoires fan oarlochsfotografe Ashley Gilbertson oer de tiid dat se ferslach die fan 'e Irakoarloch.

Whiskey Tango Foxtrot waard regissearre troch Glenn Ficarra en John Requa, dy't earder tegearre de films I Love You, Phillip Morris (2009), Crazy, Stupid, Love (2011) en Focus (2015) makke hiene. Hja wurken op basis fan in senario fan Robert Carlock, wêryn't de namme fan Kim Barker feroare waard ta 'Kim Baker' en har eftergrûn as krantekorrespondinte ta ferslachjouster foar in tillefyzjenetwurk.

As produsinten wiene Fey sels, Lorne Michaels en Ian Bryce by it projekt belutsen, foar Little Stranger en Broadway Video. Der wie in budget fan $35 miljoen foar de film beskikber. De kamerarezjy waard dien troch Xavier Grobet, wylst de filmmuzyk fersoarge waard troch Nick Urata. De opnamen, dy't begûnen op 11 febrewaris 2015 en duorren oant en mei 10 april fan dat jier, koene om foar de hân lizzende redens net yn Afganistan plakfine; sadwaande waard der benammen yn Santa Fe (Nij-Meksiko) en omkriten filme.

Distribúsje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De distribúsje fan Whiskey Tango Foxtrot waard fersoarge troch Paramount Pictures. De film gie op 4 maart 2016 yn 'e Amerikaanske bioskopen yn premiêre. Op 28 juny fan dat jier kaam er út op dvd en blu-ray.

Untfangst[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Whiskey Tango Foxtrot krige fan 'e filmkritisy mingde resinsjes. Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hie Whiskey Tango Foxtrot in hiel ridlik goedkarringspersintaazje fan 68%, basearre op 209 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "Hoewol't [de film] fier fan FUBAR is, binne Tina Fey en Martin Freeman mar kwealk genôch om 'e al te glêde foarsisberens en beheinde útsjoch op 'e wrâld […] goed te meitsjen." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behelle Whiskey Tango Foxtrot in goedkarringspersintaazje fan 57%, basearre op 44 resinsjes.

Resultaat[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Whiskey Tango Foxtrot brocht yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten en Kanada $23,1 miljoen op, en yn alle oare lannen en territoaria mar $1,8 miljoen. Wrâldwiid kaam de opbringst dêrmei út op $24,9 miljoen. Ofset tsjin it budget fan $35 miljoen betsjut dat in ferlies fan $10,1 miljoen plus marketingkosten. Yn 'e Amerikaanske bioskopen ûnderfûn Whiskey Tango Foxtrot benammen konkurrinsje fan 'e tekenfilm Zootopia en de aksjefilm London Has Fallen.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.