Wevers
| Wevers | ||
| Bayawever | ||
| Taksonomy | ||
| klasse: | fûgels (Aves) | |
| skift: | moskeftigen (Passeriformes) | |
| ûnderskift: | sjongfûgels (Passeri) | |
| boppefamylje: | moskfûgels (Passeroidea) | |
| famylje: | weverfûgels (Ploceidae) | |
| skaai | wevers (Ploceus) | |
| Cuvier, 1816 | ||
It fûgelskaai wevers (Ploceus) omfettet de klassike wevers, in grutte groep fan lytse oant middelgrutte sjongfûgels út de famylje fan 'e weverfûgels (Ploceidae). It binne benammen Afrikaanske soarten, mar guon soarten komme ek yn Súd- en Súdeast-Aazje foar. De typesoarte fan it skaai is de Bayawever (Ploceus philippinus).
Wevers hawwe in krêftige, koanyske snaffel dy't tige geskikt is foar it iten fan sied. By in soad soarten is it mantsje yn it briedkleed fel giel, brún of oranje mei swarte tekeningen, wylst de wyfkes en net-briedende mantsjes mear brúneftige kamûflaazjekleuren ha.
Wevers binne tige sosjale fûgels. Se libje faak yn grutte koloanjes, benammen yn 'e briedtiid en binne fral bekend fanwegen harren keunstsinnige bou fan nêsten: de mantsjes weve hingjende nêsten fan gers, blêden en oare planten. Dy nêsten wurde meastentiids yn strûken en beammen of boppe wetter boud.
It grutste ferskaat oan soarten komt yn Afrika súdlik fan 'e Sahara foar. In lyts tal soarten hat syn fersprieding yn Súd-Aazje (bygelyks yn Yndia, Nepal, Yndoneezje).
Histoarysk sjoen wurdt it skaai breed definiearre, mar út molekulêr ûndersyk docht bliken dat it eins in samling fan ferskate evolúsjonêre linen is. Guon soarten binne dêrom al út it skaai helle en yn aparte skaaien ûnderbrocht.
Soarten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]| Ofbyld | Fryske namme | Wittenskiplike namme | Fersprieding | Status/Trend |
|---|---|---|---|---|
| rouwever | Ploceus albinucha | Afrikaanske reinwâlden | net bedrige stabyl[1] | |
| mieswever | Ploceus alienus | Berchbosken fan it Albertine Rift | net bedrige | |
| Miombowever | Ploceus angolensis | Angoala, Kongo-Kinsjasa, Sambia | net bedrige stabyl[3] | |
| oranje wever | Ploceus aurantius | tropyske reinwâlden fan Afrika | net bedrige stabyl[4] | |
| goudnekkewever | Ploceus aureonucha | noardeastlik Kongo-Kinsjasa | bedrige | |
| kanielwever | Ploceus badius | Sûdan en Súd-Sûdan | net bedrige stabyl[6] | |
| Baglafechtwever | Ploceus baglafecht | heechlannen fan ekwatoriaal Afrika | net bedrge stabyl[7] | |
| Bamendawever | Ploceus bannermani | Bamendaplato | kwetsber | |
| Kameroenwever | Ploceus batesi | Kameroen | bedrige | |
| Bingaalske wever | Ploceus benghalensis | Súd-Aazje | net bedrige stabyl[10] | |
| Bertrams wever | Ploceus bertrandi | Malawy, Mozambyk, Tanzania, Sambia | net bedrige stabyl[11] | |
| wâldwever | Ploceus bicolor | Sub-Sahara (útsein it westen, suden, de Hoarn fan Afrika en Madagaskar) | net bedrige stabyl[12] | |
| palmwever | Ploceus bojeri | eastlik Afrika | net bedrige stabyl[13] | |
| oliifnekwever | Ploceus brachypterus | West-Afrika | net bedrige stabyl[14] | |
| Kilomberowever | Ploceus burnieri | Tanzania | kwetsber | |
| Kaapske wever | Ploceus capensis | Súdlik Afrika | net bedrige stabyl[16] | |
| Tavetawever | Ploceus castaneiceps | savanne's yn Kenia en Tanzania | net bedrige stabyl[17] | |
| reidwever | Ploceus castanops | Uganda, Rûanda en oanbuorjend noardlik Boerûndy, eastlik Kongo-Kinsjasa, West-Kenia, Noardwest-Tanzania | net bedrige stabyl[18] | |
| kastanjerêchwever | Ploceus castaneofuscus | West-Afrika | net bedrige stabyl[19] | |
| doarpswever | Ploceus cucullatus | Sub-Sahara; yntrodusearre op Hispanjoala, Dominika, Mauritsius en Reünion | net bedrige stabyl[20] | |
| Jubawever | Ploceus dichrocephalus | Hoarn fan Afrika | net bedrige stabyl[21] | |
| gielkroanwever | Ploceus dorsomaculatus | Kameroen, Sintraal-Afrikaanske Republyk, Republyk Kongo, Kongo-Kinsjasa, Gabon | net bedrige | |
| gielpoatwever | Ploceus flavipes | Kongo-Kinsjasa | kwetsber | |
| Rüppellswever | Ploceus galbula | eastlik Afrika en it súdwestlike Arabyske skiereilân | kwetsber | |
| Golandwever | Ploceus golandi | Kenia | bedrige | |
| reuzewever | Ploceus grandis | Sao Tomee | hast bedrige | |
| Heuglinwever | Ploceus heuglini | Senegal, Gambia en Maly oant Ivoarkust en eastlik nei Uganda en westlik Kenia | net bedrige stabyl[27] | |
| Ruvuwever | Ploceus holoxanthus | Tanzania | hast bedrige stabyl[28] | |
| Aziatyske goudwever | Ploceus hypoxanthus | Kambodja, Yndoneezje, Laos, Birma, Tailân, Fjetnam | hast bedrige | |
| brúnkroanwever | Ploceus insignis | Bamendaplato, Albertine Rift, berchwâlden, Imatongberchtme, Kenia | net bedrige | |
| lytse maskerwever | Ploceus intermedius | eastlik, súdeastlik en súdlik Afrika | net bedrige stabyl[31] | |
| goudrêchwever | Ploceus jacksoni | Boerûndy, Kenia, Súd-Sûdan, Tanzania, Uganda | net bedrige stabyl[32] | |
| Katangamaskerwever | Ploceus katangae | súdeasten fan 'e Kongo-Kinsjasa, noardlik Sambia | net bedrige ?[33] | |
| lytse wever | Ploceus luteolus | West-Sûdan en East-Afrika | net bedrige stabyl[34] | |
| Manyarwever | Ploceus manyar | Bangladesj, Bûtan, Kambodja, Sina, Egypte, Yndia, Yndoneezje, Birma, Nepal, Pakistan, Singapoer, Sry Lanka, Tailân, Fjetnam | net bedrige stabyl[35] | |
| Finnswever | Ploceus megarhynchus | Yndia en Nepal | bedrige | |
| swartbúkwever | Ploceus melanogaster | Sintraal-Afrika | net bedrige | |
| swartkopwever | Ploceus melanocephalus | westlik, sintraal en eastlik Afrika | net bedrige stabyl[38] | |
| Usambarawever | Ploceus nicolli | Tanzania | hast bedrige | |
| griene wever | Ploceus nelicourvi | Madagaskar | net bedrige stabyl[40] | |
| Swarte wever | Ploceus nigerrimus | Sintraal-Afrika | net bedrige stabyl[41] | |
| swartnekwever | Ploceus nigricollis | Ekwatoriaal Afrikla | net bedrige stabyl[42] | |
| swartkinwever | Ploceus nigrimentus | West-Angoala, Republyk Kongo, East-Gabon | net bedrige stabyl[43] | |
| brilwever | Ploceus ocularis | Sub-Sahara (útsein it westen, suden, de Hoarn fan Afrika en Madagaskar) | net bedrige stabyl[44] | |
| oliifkopwever | Ploceus olivaceiceps | Malawy, Mozambyk, Tanzania, Sambia | hast bedrige | |
| tinbekwever | Ploceus pelzelni | Ekwatoriaal Afrika | net bedrige stabyl[46] | |
| Bayawever | Ploceus philippinus | Yndysk subkontinint, Súdeast-Aazje | net bedrige stabyl[47] | |
| diadeemwever | Ploceus preussi | Kameroen, Sintraal-Afrikaanske Republyk, Republyk Kongo, Kongo-Kinsjasa, Ivoarkust, Ekwatoriaal Guinee, Gabon, Gana, Guinee, Libearia, Sierra Leöane | net bedrige stabyl[48] | |
| Prinsipewever | Ploceus princeps | Sao Tomee en Prinsipe | net bedrige | |
| Tanzaniaanske maskerwever | Ploceus reichardi | súdwestlik Tanzania, noardeastlik Sambia | net bedrige | |
| kastanjebrune wever | Ploceus rubiginosus | eastlik en súdwestlik Afrika | net bedrige stabyl[51] | |
| Lufirawever | Ploceus ruweti | Kongo-Kinsjasa | net bedrige stabyl[52] | |
| Sakalavawever | Ploceus sakalava | Madagaskar | net bedrige stabyl[53] | |
| heechlânwever | Ploceus spekei | noardlik en eastlik Somaalje, Etioopje, Kenia, Noardeast-Tanzania | net bedrige stabyl[54] | |
| Ugandawever | ploceus spekeoides | Uganda | hast bedrige | |
| Sao Tomeewever | Ploceus sanctithomae | Sao Tomee en Prinsipe | net bedrige stabyl[56] | |
| Loangowever | Ploceus subpersonatus | kustkrite Kongo, Gabon, Angoala | kwetsber | |
| goudwever | Ploceus subaureus | heechlân fan eastlik en súdeastlik Afrika | net bedrige stabyl[58] | |
| brúnstútwever | Ploceus superciliosus | ferskillende gebieten yn 'e reinwâlden fan Afrika en oangrinzgjende gebieten | net bedrige stabyl[59] | |
| noardlike maskerwever | Ploceus taeniopterus | Kongo-Kinsjasa, Etioopje, Kenia en Sûdan | net bedrige stabyl[60] | |
| Angoalawever | Ploceus temporalis | Angoala, it suden fan Kongo-Kinsjasa en noardwestlik Sambia | net bedrige stabyl[61] | |
| trijekleurwever | Ploceus tricolor | Afrikaanske reinwâlden | net bedrige stabyl[62] | |
| súdlike maskerwever | Ploceus velatus | súdlik Afrika | net bedrige stabyl[63] | |
| Sahelwever | Ploceus vitellinus | Sahel | net bedrige stabyl[64] | |
| Weyns wever | Ploceus weynsi | eastlik Kongo-Kinsjasa, noardwestlik Tanzania | net bedrige stabyl[65] | |
| saffraanwever | Ploceus xanthops | Miombo en oanbuorjende gebieten | net bedrige stabyl[66] | |
| brúnkielwever | Ploceus xanthopterus | súdlik Afrika | net bedrige | |
