Springe nei ynhâld

Wetterwylp

Ut Wikipedy
wetterwylp
taksonomy
rykdieren (Animalia)
stammerêchstringdieren (Chordata)
klassefûgels (Aves)
skiftwilstereftigen (Charadriiformes)
famyljesnipfûgels (Scolopacidae)
skaaiwylpen (Numenius)
soarte
Numenius phaeopus
Linnaeus, 1758
IUCN-status:
ferspriedingsgebiet
     briedgebiet
     trekfûgel
     wintergast

De wetterwylp (Numenius phaeopus) is in fûgel yn it skaai wylpen (Numenius) út de famylje fan 'e snipfûgels (Scolopacidae). Oare Fryske nammen foar de wetterwylp binne reinwylp, wettergulp en lytse wylp (De Vries 1912). De Fryske namme fan 'e fûgel ferwiist nei it waar.

De wetterwylp wurdt likernôch 40 sintimeter grut en is dêrmei sa'n 10 sm lytser as de (gewoane) wylp. De kop is gielbrún mei in bêzje wynbraustreek en in donkere eachstreek. De 6 oant 9 sm lange, nei ûnder bûge, snaffel is in stik koarter as de 9 oant 15 sm lange snaffel fan 'e wylp en it langste by de wyfkes. It fearrekleed is oan 'e boppekant gielbrún mei donkere plakken; de hals en it boarst binne gielbrún mei donkere fine streken. De ûnderkant en de kiel hawwe in ljochte kleur, wylst de flanken dwersstreken ha. De ûnderwjukken binne meast donkerder as dy fan 'e wylp. De griisgriene poaten binne lang.

Om't de jonge wylp ek in koartere snaffel hat, is de jonge wylp lestich fan 'e jonge wetterwylp te ûnderskieden.

Ferskil wetterwylp en gewoane wylp.

De wetterwylp briedt yn noardeastlik Grienlân, Noard-Jeropa (Yslân, Skotlân, Skandinaavje en Ruslân) en Sibearje. De Jeropeeske populaasje oerwinteret op rotsige kusten fan West-Afrika; briedfûgels út oare gebieten oerwinterje yn Súd-Aazje en Austraalje.

De soarte telt fiif ûndersoarten:

  • N. p. islandicus: Grienlân, Yslân, de Fêreu-eilannen en Skotlân.
  • N. p. phaeopus: fan Noarwegen oant Sintraal-Sibearje.
  • N. p. alboaxillaris: fan westlik Kazachstan oant súdwestlik Sibearje.
  • N. p. rogachevae: noardlik Sintraal-Sibearje.
  • N. p. variegatus: noardeastlik Sibearje.

De Amerikaanske wetterwylp (N. hudsonicus) waard foarhinne ek sjoen as in ûndersoarte fan 'e wetterwylp, mar wurdt no as in selsstannige soarte beskôge.

Wetterwylpen komme yn Nederlân allinnich foar by de trek yn 'e maitiid en hjerst. It hichtepunt fan de maitiidstrek falt ein april. De hjersttrek is minder opfallend, fynt simmerdeis plak en is heal septimber foarby. De trekrûte fan 'e reinwylp oer Nederlân leit boppe in gebiet dat westlik fan 'e line Tilburg-Emmen leit.

It iten bestiet út ynsekten, spinnen, wjirms, slakken, kikkerts, sied, beien en gers.

Aai.

De soarte briedt op heechfean yn 'e taiga, boppe de beamgrins yn berchheide en op 'e tûndra. Se trekke solitêr of yn lytse kloften.

It lechsel bestiet út fjouwer parfoarmige, griisgriene oant griisbrune aaien mei grize ûnderplakken en brune plakken.

De grutte fan de populaasje waard yn 2015 rûsd op 1,0-2,3 miljoen fûgels. Op de Reade List fan 'e IUCN hat dizze soarte de status net bedrige (Least Concern, 2025), mar de oantallen nimme ôf.

Boarnen, noaten en/as referinsjes: