Wetland

In wetland (Ingelsk foar "wietlân"), of mei in âlder, gever, mar yn ûnbrûk rekke Frysk wurd ûnlân, is in semy-akwatysk ekosysteem wêrfan't de grûn derûnder strûpt is of fersêde is mei wetter, itsij permanint, oer in perioade fan jierren of desennia, itsij inkeld seizoenaal. Foarbylden fan wetlands binne moerassen, feanen, riviersiggen en uterwaarden, tijmûnings, mangrovewâlden en leechlein tropysk reinwâld dat yn 'e reintiid splis komt te stean.
Sokke gebieten foarmje in oergongssône tusken oerflaktewetters en drûch lân. Om't it oerstreamen fan drûch lân liedt ta soerstofearme (anoksyske) prosessen yn 'e grûn, ferskille wetlands fan wiere oerflaktewetters, mei't de woartels fan 'e dêr libjende planten har net oan 'e soerstofearme omstannichheden oanpast hawwe. Wetlands binne tige ryk oan bioferskaat, mei't se tsjinje as habitat foar in breed ferskaat oan terrestryske, akwatyske en semy-akwatyske soarten organismen.
Wetlands komme foar op elts wrâlddiel, útsein Antarktika. It wetter yn wetlands kin swiet, sâlt of brak (tuskenbeiden) wêze. Wrâlds grutste wetlands binne it Amazônegebiet en de Pantanal yn Súd-Amearika, de Westsibearyske Flakte yn Noard-Aazje, de Sundarbans yn 'e Ganges-Brahmaputradelta fan Súd-Aazje en de Mississippydelta en de Everglades yn Noard-Amearika.

Net allinnich foar bisten en planten binne wetlands fan grut belang. Ek foar minsken drage sokke kriten in protte ekosysteemtsjinsten by dy't foardielich binne. Dan kin men bygelyks tinke oan wettersuvering, de stabilisearring fan kustlinen, beskerming tsjin stoarmen en oerstreamingsbehearsking. Dêropta lizze wetlands ek koalstofdiokside fêst (koalstofdioksidefiksaasje) en itselde dogge se mei oare fiedingsstoffen en wetterfersmoargjende stoffen. Troch koalstofdioksidefiksaasje helpe wetlands by it tsjingean fan klimaatferoaring. Se kinne lykwols ek krekt in boarne fan metaanemisjes wêze, dy't troch it wetter hinne opboarrelje troch de anaerobe ferrotting fan wiet plantaardich materiaal.
Minsklike aktiviteiten binne op in grut ferskaat oan manearen in bedriging foar it fuortbestean fan wetlands. Sa wurde sokke gebieten fersmoarge troch oalje- en gasboarrings, algemiene wetterfersmoarging en oerbelêsting mei stikstof troch it brûken fan (tefolle) keunstdong en it útriden fan tefolle dong en jarre. Ek wurde se oantaast troch de oanlis fan fysike ynfrastruktuer lykas wegen, brêgen, spoarwegen, kanalen en lofthavens, de útwreiding fan yndustry, havengebieten en wenningbou, oerbeweiding troch fee, oerbefisking en drûchlizzen foar ynpoldering. Neffens de Millennium Ecosystem Assessment fan 2005 wurde wetlands slimmer yn har fuortbestean bedrige as lykfol hokker oar ekosysteem op 'e wrâld ek.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|
