Westmûne (Gorkum)
| Westmûne | ||
| lokaasje | ||
| provinsje | ||
| plak | ||
| adres | Grote Schelluinsekade 18 | |
| koördinaten | 51°50' N 4°56' E | |
| bysûnderheden | ||
| type mûne | wipmûne | |
| funksje | poldermûne | |
| flecht | 25,60 m | |
| boujier | 1814 | |
| oare ynformaasje | ||
| eigner | Stifting SIMAV | |
| monumintale status | ||
| monumintnûmer | 16693 | |
| Webside | ||
| www.simav.nl | ||
| Kaart | ||
De Westmûne (Westmolen) is in wipmûne yn 'e Súd-Hollânske stêd Gorkum.
De mûne waard yn 1814 boud, nei't de foargonger fan 'e mûne op 13 desimber 1813 troch Frânske troepen by it belis fan 'e stêd ferneatige waard. De mûne mealle eartiids tegearre mei de yn 1814 oanbuorjende Eastmûne de polder De Banne van Gorinchem & Kwakernaat. Dy funksje ha de twa mûnen oant 1971 hân, doe't in elektrysk gemaal it wurk fan 'e mûnen oernaam. Se mealle hjoed-de-dei allinnich noch yn sirkwy.
Yn 1973 kocht de gemeente de mûnen om se yn 1981/1982 te restaurearjen. De Westmûne hat dêrby de streamlinewjukken fan it systeem fan Bussel bewarre.
Neidat de mûnen bûten bedriuw rekken, binne se troch nije sportfjilden ynsletten, diken en fral in soad beamtegrien. It mûnebiotoop mei gjin sprekken leie en beheind it funksjonearjen fan 'e mûnen.
Sûnt 2017 is de mûnestifting SIMAV eigner fan 'e mûne. De mûne is yn 2021 restaurearre en krige doe nije roeden. De Westmûne wurdt lykas de Eastmûne bewenne troch in frijwillige mounder, dy't de mûne regelmjittich draaie lit.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
