Westlike rotspinguïn
| westlike rotspinguïn | ||||||||||||
|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
| taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
| soarte | ||||||||||||
| Eudyptes chrysocome | ||||||||||||
| Forster, 1781 | ||||||||||||
| IUCN-status: kwetsber
| ||||||||||||
| ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
De westlike rotspinguïn (Eudyptes chrysocome) is in fûgel yn it skaai túfpinguïns (Eudyptes) út 'e famylje pinguïns (Spheniscidae). De spesifike namme fan 'e fûgel chrysocome bestjut goudhierich, in ferlatynsking fan it Grykske khrusos ("goud") en kome ("hier").
Ferskining
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De 51 oant 62 sm grutte fûgel weaget 2 oant 3,8 kg en is in relatyf lytse túfpinguïn. Fan boppe is de pinguïn swart oant blauswart en fan ûnder wyt. De giel túf is smel en rint fan 'e foarholle as in wynbraustreek boppe it each nei efter en foarmet dêr in losse ljochtgiel hingjende plûm. Ek de swarte fearren op 'e kroan foarmje in koarte túf, dy't soarget foar in karakteristike kop. De snaffel is oranje oant readeftich en de poaten binne ljochtrôze. Hy ferskilt wat fan 'e nau besibbe eastlike rotspinguïn (Eudyptes chrysocome) mei't er in rôze flues op 'e snaffel hat.
Ferspriedingsgebiet
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De westlike rotspinguïn komt fan Kaap Hoarn oant de Falklâneilannen foar. Bûten de briedtiid libje de fûgels op 'e iepen see. De briedkoloanjes lizze op de keale, rotseftige hellingen en strannen, op lavafjilden en gebieten mei gerspollen tichteby see.
De eastlike rotspinguïn waard earder ek ta de soarte rekkene en guon dogge dat noch. It ynfloedrike Ynternasjonale Uny fan Ornitologen hat op basis fan stúdzjes, dy't morfologyske en genetyske ferskillen oantoane, yn 2025 beslettten de fûgel as in aparte soarte te beskôgjen. De noardlike rotspinguïn (Eudyptes moseleyi) waard yn it ferline ek as in ûndersoarte beskôge, mar wurdt hjoed-de-dei as in aparte soarte erkend.
Hâlden en dragen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Westlike rotspinguïns komme yn oktober werom yn harren briedgebiet. Der wurde twa aaien lein, dy't yn novimber en desimber yn 32 oant 34 dagen útbret wurde. Meastentiids rêdt ien pyk it, mar op 'e Falklâneilannen bringe de âlden ek twa piken grut. Dêr binne krusingen waarnommen mei de noardlike rotspinguïn (Eudyptes moseleyi) en de Macaronipinguïn (Eudyptes chrysolophus). De soarte yt fisk, kreeft en inketfisk.
Status
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De IUCN beöardielet de bedrigingsstatus fan 'e westlike en eastlike rotspinguïns mienskiplik. Harren populaasjes binne de lêste iuw slim ôfnommen, fral de lêste desinnia. Meardere populaasjes binne hast ynstoart. Sa binne der bygelyks tusken 1942 en 1986 1,5 miljoen pearkes fan 'e Campbelleilannen ferdwûn. Dêrfandinne stiet de soarte op 'e Reade list fan 'e IUCN as kwetsber (Vulnerable, 2020) klassifisearre. De wrâldpopulaasje wurdt hjoed-de-dei op 2,5 miljoen folwoeksen fûgel rûsd, mei foar de nominaatfoarm de grutste briedpopulaasje op 'e Falklâneilannen en de filholi de grutste populaasje op 'e Prins Edwardeilannen.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
