Goudûle
| goudûle | ||||||||||||
|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
| taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
| soarte | ||||||||||||
| Tyto alba | ||||||||||||
| Scopoli, 1769 | ||||||||||||
| IUCN-status: net bedrige
| ||||||||||||
| ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
hjoeddeistige fersprieding |
De goudûle (wittenskiplike namme: Tyto alba), soms ek de tsjerkûle neamd, of de westlike goudûle ta ûnderskie fan nau besibbe soarten, is in fûgel út it skift fan 'e ûle-eftigen (Strigiformes), de famylje fan 'e goudûlefûgels (Tytonidae) en it skaai fan 'e goudûlen (Tyto). Dit bist waard foarhinne sjoen as ien fan 'e meast algemien foarkommenden fan alle fûgelsoarten, mar yn 'e ienentweintichste iuw binne twa grutte kloften ûndersoarten ôfspjalten as selsstannige soarten. It oerbliuwende ferspriedingsgebiet beslacht grutte dielen fan Jeropa, Afrika en it Midden-Easten, mar is beslist net mear kosmopolitysk. De goudûle is in middelgrutte ûle mei in opfallend ljocht kleure en foar in part wyt fearrekleed en in hertfoarmich antlit. It is in nachtdier mei in karnivoar dieet, dat benammen bestiet út kjifdieren en oare lytse sûchdieren. De IUCN klassifisearret de goudûle as net bedrige.
Namme
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De wittenskiplike namme fan 'e goudûle is Tyto alba. De skaainamme Tyto komt fan it Aldgrykske wurd τυτώ, tuto, dat "ûle" betsjut en eins in klankneibearing fan 'e rop fan in ûle is. It soartspesifike diel alba is it Latynske wurd foar "wyt". De betsjutting is dus eins "wite ûle". De Fryske namme foar dizze fûgel is "goudûle", fanwegen de goudkleurige rêch en wjukken. In synonym is "tsjerkûle", korrespondearjend mei de Nederlânsktalige namme kerkuil. Yn it Ingelsk sprekt men fan barn owl, dat letterlik "skuorre-ûle" betsjut. De Noardfryske namme is türnüül: "toerûle". Al dy nammen ferwize nei de wizânsje fan dizze fûgel om te nêsteljen yn troch minsken makke gebouwen.

de goudûle of westlike goudûle (T. alba)
de Amerikaanske goudûle (T. furcata)
de eastlike goudûle (T. javanica)
de Andamanengoudûle (T. deroepstorffi)
Taksonomy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De goudûle waard yn 1769 foar it earst wittenskiplik beskreaun troch de Eastenrykske ornitolooch Giovanni Antonio Scopoli. Hy joech de fûgel oarspronklik de wittenskiplike namme Strix alba, wêrmei't er him yndielde by wat no de wâldûlen (Strix) binne, mar wat doe in sammelbak foar alle ûle-eftigen wie. Syn hjoeddeistige wittenskiplike namme krige de goudûle yn 1828, doe't de Sweedske soölooch Gustaf Johan Billberg it skaai fan 'e goudûlen (Tyto) yntrodusearre, mei de goudûle as typesoarte.
Lang waard derfan útgien dat de goudûle in hast wol kosmopolityske fersprieding hie as ien fan 'e meast algemien foarkommende fûgels fan 'e wrâld. Dêr is yn 'e ienentweintichste iuw feroaring yn kommen, mei't de oarspronklike goudûle (Tyto alba sensu latu, d.w.s. yn brede sin) no as in soartekompleks beskôge wurdt. Nei't earder al de Hispanjoalagoudûle (T. glaucops) de status fan selsstannige soarte krige, wiisden yn 'e 2000-er jierren en de 2010-er jierren de útkomsten fan DNA-ûndersyk derop dat de goudûle yn teminsten fjouwer ûnderskate soarten opspjalten wurde moast. Dêrby gie it om 'e (gewoane) goudûle (T. alba) mei tsien ûndersoarten yn Jeropa, Afrika en it Midden-Easten, de Amerikaanske goudûle (T. furcata) mei tolve ûndersoarten yn 'e Nije Wrâld, de eastlike goudûle (T. javanica) mei sân ûndersoarten yn Súd- en Súdeast-Aazje, Austraalje, súdwestlik Melaneezje en westlik Polyneezje, en de monotypyske Andamanengoudûle (T. deroepstorffi).
Dizze spjalting is akseptearre troch de Ynternasjonale Uny fan Ornitologen (IOU), mar (noch) net troch oare ornitologyske autoriteiten, lykas BirdLife International, in organisaasje dy't in list fan fûgelsoarten beheart dêr't de gesachhawwende Ynternasjonale Uny foar Behâld fan 'e Natoer (IUCN) him op basearret. It leit lykwols yn 'e reden dat de nije yndieling yn 'e neie takomst algemien akseptearre wurde sil. It is boppedat de ferwachting dat der noch mear ûndersoarten fan 'e goudûle ôfskaat wurde sille ta selsstannige soarten. benammen guon oant no ta min beskreaune ûndersoarten út Afrika lykje dêrfoar yn oanmerking te kommen.
Fersprieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Algemien foarkommen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It ferspriedingsgebiet fan 'e goudûle nei de ôfspjalting fan 'e Amerikaanske goudûle (Tyto furcata), de eastlike goudûle (Tyto javanica) en de Andamanengoudûle (Tyto deroepstorffi) beslacht dielen fan Jeropa, Afrika en West-Aazje. It omfettet frijwol it hiele fêstelân fan Jeropa bewesten in bochtsjende line fan 'e Eastsee yn westlik Litouwen nei de Donaudelta yn Roemeenje. De goudûle komt ek foar op 'e Britske Eilannen, de Kanaaleilannen en de Mediterrane Eilannen (útsein Malta), mar ûntbrekt yn 'e Alpen. Yn eastlik Jutlân, op 'e Deenske Eilannen en Gotlân en yn súdlik Sweden is er útstoarn.

Fierder nei it easten ta komt de goudûle foar by de noardlike, eastlik en súdlike kusten fan 'e Swarte See lâns, op 'e Krim en yn it binnenlân fan westlik Georgje. Yn Lyts-Aazje folget it ferspriedingsgebiet fierders de kusten fan 'e Egeyske See yn it westen en de Levantynske See yn it suden. Yn it Midden-Easten heart de Fruchtbere Healmoanne ta it areaal: fan 'e Negevwoastyn yn súdlik Israel by de kust lâns nei it noarden en dan de rivieren de Eufraat en de Tigris folgjend nei it easten en súdeasten oant de kust fan 'e Perzyske Golf yn súdlik Irak en súdwestlik Iraan. Op it Arabysk Skiereilân komt de goudûle foar by de kusten lâns fan 'e Perzyske Golf, de Golf fan Omaan, de Arabyske See, de Golf fan Aden en de súdlike Reade See.
Yn Afrika hearre de noardlike Magrebregio fan Marokko oant Tripolitaanje ta it ferspriedingsgebiet en de Nyldelling fan 'e Middellânske See oant Sûdaan. Besuden de Sahara begjint it areaal wer yn 'e Sahellannen, mei útrinners nei sokke noardlike kriten as it Berchlân fan Aïr yn Niger en de provinsje Darfoer yn Sûdaan. Dêrwei tint de fersprieding troch oant de de súdpunt fan Afrika by Kaap de Goede Hoop, mei trije útsûnderings: de woastinen yn 'e Hoarn fan Afrika, it Kongoreinwâld fan Sintraal-Afrika en de Namybwoastyn yn Namybje. Ta ein beslút hearre ek Madeara, de Kanaryske Eilannen, de Kaapverdyske Eilannen, Sao Tomee, Bioko, de Komoaren, Majot en Madagaskar ta it areaal fan 'e goudûle. Op 'e Seysjellen is dizze fûgel in troch de minske yntrodusearre eksoat.
Foarkommen yn Nederlân en Fryslân
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn Nederlân, Fryslân ynbegrepen, is de goudûle in frij seldsume simmerfûgel en stânfûgel. Fan maart oant april en op 'e nij fan septimber oant ein novimber komt er ek yn lytse oantallen as trochtrekker foar.[1]

Uterlike skaaimerken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De goudûle is in middelgrutte ûle mei trochinoar in totale lichemslingte fan 33–39 sm, mei in spanwiidte fan 80–95 sm en in gewicht fan 280–480 g. Oer it algemien binne goudûlen dy't op lytse eilannen libje, lichter en minder grut, mooglik om't sy mear ôfhinklik binne fan it fangen fan ynsekten en dêrom by it fleanen manûvrearberder wêze moatte. Der bestiet in bytsje seksuele dimorfy yn dizze soarte, mei't de mantsjes yn trochsneed likernôch 10% lytser en lichter binne as de wyfkes.
It antlit fan 'e goudûle is net sasear in skiif, mar hat mear de foarm fan in hert. De eagen binne swart en grut, hoewol net sa grut as by ûlefûgels (Strigidae spp.). De snaffel is lyts en skerp en bûcht sterk nei ûnderen ta. De sturt hat in hoekige foarm, yn tsjinstelling ta de rûne sturt fan ûlefûgels. Dat is by it oerfleanen ien fan 'e wichtichste ferskillen yn it silhûet dêr't men in goudûle oan weromkenne kin. In oar ferskil wurdt foarme troch de befearre en ôfhingjende skonken. De teannen hawwe in rôze oant rôzich grize kleur en binne tarist mei skerpe swarte kloeren.
It fearrekleed is wyt yn it antlit en op 'e poaten, en fariëarret fan ljochtbrún oant bêzje op 'e efterholle, yn 'e nekke en op 'e wjukken en sturt. By eksimplaren út Noardwest-Jeropa binne dy lichemsdielen goudkleurich; dêrfandinne de namme 'goudûle'. De kiel is krêmkleurich en it boarst en de bealch binne wyt of wyt besprinzge mei goudene of brune spikkels. Krektsa is it brún of goud fan 'e wjukken soms besprinzge mei swarte spikkels. Sawol leusistyske (folslein wite) as melanistyske (folslein swarte) eksimplaren komme foar, sawol yn it wyld as yn finzenskip, troch in natuerlike genetyske mutaasje. Mar 1 op 'e 100.000 yndividuën is melanistysk.

Ferfearjen dogge wyfkes yn 'e briedtiid, as se op it nêst sitte, troch it mantsje fuorre wurde en dêrom net of skraachoan hoege te fleanen. It mantsje ferfearret letter yn it jier, wannear't de piken hast folwoeksen en dêrom selsrêdich binne en wyfke ek wer foar harsels soarget.
Biotoop
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Goudûlen komme benammen foar yn wat iepener wâlden, oan 'e boskrânen en yn iepen gebieten mei hjir en dêr wat beammen. Tichte wâlden mije se en itselde jildt foar heechberchtme en de drûchste woastinen, dêr't alhiel gjin beammen groeie. Yn bercheftige kontreien komt de goudûle yn Jeropa foar oant in hichte fan 2.000 m, mar yn tropysk Afrika, lykas yn it Etiopysk Heechlân, oant in hichte fan 3.000 m boppe seenivo.
De oanwêzigens fan beammen is in betingst om rêste en briede te kinnen. As útsjochpunten foldogge eventueel ek keunstmjittige lânskipseleminten, lykas in hikke, ien fan 'e peallen fan in stek of it dak fan in gebou. De goudûle hat him treflik oanpast oan 'e oanwêzigens fan 'e minske yn syn ferspriedingsgebiet. Hy kin goed jeie yn kultuerlânskippen lykas greiden, ikkers of tsjerkhôven en sels yn 'e neite fan minsklike bewenning binnen de beboude kom. Fan âlds nêstelet er yn skuorren, tuorren en oare gebouwen.
Hâlden en dragen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Aktiviteit
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Lykas de measte ûle-eftigen is de goudûle yn prinsipe in nachtdier, dat benammen aktyf is fan 'e jûnsskimer oant de moarnsdage, wylst er by ljochtskyndei rêst hâldt. Yn it nachtlik tsjuster fertrout er benammen op syn ekstreem skerpe gehoar, hoewol't er ek sjen kin by mar in hiel lyts bytsje ljocht. Op 'e Britske Eilannen en yn Noardwest-Jeropa jaget de goudûle soms ek oerdeis. It tinken is dat dat te krijen hat mei swiere rein yn 'e foargeande nacht, dy't it jeien sterk behinderet. In probleem mei jeien oerdeis is dat goudûlen (en oare ûlen) dan gauris dwerseide wurde troch oare fûgels, lykas de ekster (Pica pica), de roek (Corvus frugilegus) en de kob (Chroicocephalus ridibundus), dy't harren lestich falle en efterfolgje en troch har lûdroftigens mooglike proaien ôfskrikke. Soms helje se de goudûle dêrby sa it bloed ûnder de neilen wei, dat er harren oanfalt. Dêrfan binne ferskate dokumintearre gefallen wêrby't in roek troch de goudûle ûnthalze waard.
Honkfêstens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De goudûle wurdt oer it algemien beskôge as in stânfûgel. De mearderheid fan 'e yndividuën is tige honkfêst is en bringt hast it hiele libben op of deunby ien lokaasje troch. Op 'e Britske Eilannen lykje jonge goudûlen har te fersprieden fia korridors dy't de rivieren folgje. Ornaris dwale se net fierder as 9 km fan har berteplak ôf. Op it fêstelân fan Jeropa is de ferspriedingsôfstân grutter, faak 50–100 km, mei in dokumintearre maksimum fan in tige útsûnderlike 1.500 km. Dêrby gie it om fûgels dy't yn Nederlân ringe wiene en dy't weromfûn waarden yn Spanje en de Oekraïne. Yn Afrika is de ferspriedingsôfstân ferlykber mei dy yn Jeropa. Dokumintearre maksima binne dêr 1.000 km fan Senegal nei Sierra Leöane en 579 km binnen Súdlik Afrika.
Kommunikaasje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Oars as dat faak tocht wurdt, ropt de goudûle net fan hûûû-hûûû, lykas ûlefûgels (Strigidae spp.). Ynstee produsearret er in karakteristike skelle, útrutsen skreau dy't fan sjriii klinkt, en dy't sa lûd is dat er fan deunby suver wol skea oan jins gehoar tabringe kin. By nacht klinkt dat fan in ôfstân tige njoer. Mantsjes dy't nei in wyfke stykje, bringe in skel tsjirpjen fuort. Om ynkringers fuort te jeien, siizje goudûlen as wiene it slangen. Oare lûden dy't goudûlen meitsje, binne in spinnend tsjirpjen, dat tefredenens oanjout, en in lûd dat klinkt as kii-jak, en dat wol wat wei hat fan 'e fokalisearrings fan 'e wâldûle (Strix aluco).
Territorialiteit en rêstplakken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Goudûlen hawwe in fêst territoarium wêryn't se jeie, mar se binne net bysûnder territoriaal yn 'e sin dat se de oanstriid fiele om har territoarium tsjin soartgenoaten te ferdigenjen. Foar mantsjes omfettet sa'n territoarium yn Skotlân it lân yn in straal fan likernôch 1 km om it nêstplak hinne, wat delkomt op in gebiet mei in oerflak fan rûchwei 3 km². De territoaria fan wyfkes komme fierhinne oerien mei de territoaria fan harren manlike partner. Bûten de briedtiid om rêste mantsjes en wyfkes yn 'e regel apart faninoar, wêrby't se elts in stik as trije favorite rêstplakken hawwe om har oerdeis yn werom te lûken. Dy besykje se faak ek nachts foar koarte perioaden. Sokke rêstplakken kinne tûken deunby de beamstam ferskûle tusken it blêdte wêze, mar ek beamholten, rotsspjalten, skoarstiennen, skuorren en leechsteande wenten.
Jacht
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]By de jacht fljocht de goudûle stadich deun boppe de grûn. Dat docht er yn folsleine stilte, want de flechtfearren oan syn wjukken binne oanpast om alhiel gjin leven te meitsjen by it fleanen. Sa kin er syn proaien ûngemurken oer it mad komme. Goudûlen lokalisearje har proaien benammen op it gehoar. Se binne hiel manûvrearber by it fleanen en kinne tige abrupt fan rjochting feroarje. Boppe it plak dêr't se in proai opmurken hawwe, kinne se ek stil yn 'e loft hingjen bliuwe, in ferskynsel dat 'bidden' hjit.
As se de krekte posysje fan 'e proai bepaald hawwe, dûke se nei ûnderen ta en stekke fuort boppe de grûn de poaten út. Se gripe de proai mei de grutte kloeren oan har teannen en skuorre him mei de loft yn of lânje der boppe-op. In alternative, minder faak foarkommende jachtstrategy is om in heech útsjochplak te kiezen yn in beam, op in peal of op in gebou en dêrwei it hear oer te eagjen en ta te harkjen oant der in proai gewaarwurden is. Mei in tsjûke laach snie, dy't in skoft lizzen bliuwt, komme goudûlen fuortendaliks yn 'e swierrichheden om fretten te besetten. Dat is ek de reden dat se net foarkomme yn Skandinaavje en Finlân.

Ferdigening
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]As er fongen of op in oare wize yn it nau krongen wurdt, smyt de goudûle himsels op 'e rêch, sadat er mei syn beide mei fjoerskerpe kloeren tariste poaten om him hinne fege kin. Dat is oer it algemien in tige effektive ferdigening, dêr't de measte rôfdieren wol foar tebekwike wolle.
Fuortplanting
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn tropysk Afrika hat de goudûle gjin fêste briedtiid en kin er him yn prinsipe it hiele jier rûn wol fuortplantsje, hoewol't ek dêr yn beskate dielen fan it jier in dúdlik hichtepunt yn 'e fuortplanting waar te nimmen. Yn drûge gebieten, lykas om 'e Sahara en de woastinen fan it Arabysk Skiereilân hinne, is it briedseizoen ûngeregeld en wurdt it diktearre troch de reintiid. Yn kâldere regioanen fan it ferspriedingsgebiet, lykas yn Noardwest- en Midden-Jeropa, falt de briedtiid ornaris fan maart oant en mei juny.
Goudûlen binne yn 'e regel monogaam en bliuwe ien-en-deselde partner trou oant ien fan beiden deagiet. Dêrnei siket de oerlibjende fûgel in nije partner. It grutste part fan it jier libje en rêste de leden fan in pearke goudûlen apart faninoar, hoewol't se ornaris wol yn itselde territoarium bliuwe. Wannear't de briedtiid op kommendeweis is, keare se lykwols werom nei it plak dêr't se earder tegearre bret hawwe. Dêrby litte se gâns plaktrou sjen. Allinnich as it nêstplak dúdlik net mear foldocht, bgl. as de beam omkappe is of sadanich snoeid dat it nêst iepen en bleat kommen is, wurdt in oar gaadlik plak útkeazen.
Wannear't de pearbân ienris foarme is, makket it mantsje earst yn 'e jûnsskimer koarte flechten om it nêstplak en de respektivelike rêstplakken hinne, en letter langere flechten. Nei ferrin fan tiid jout it wyfke har by him, en wurdt der gâns efterfolge en swaaid en draaid ûnder it fleanen, wat gauris mank giet mei it útslaan fan kritende gjalpen. Dy fan it mantsje binne heech fan toan en trilje frijwat, wylst de fokalisearrings fan it wyfke leechtoaniger en heazer binne. Yn 'e lettere stadia fan 'e hofmakkerij klimt it mantsje by jûnsskimer heech yn 'e loft en makket dan in dûkflecht oant deunby it wyfke. Dêrop giet er op jacht om fretten foar har te sykjen, wylst se op in heech útsjochpunt sitten bliuwt en har fearrekleed fersoarget. Krekt foar't it mantsje mei iten weromkeart, bejout se har dan nei it nêst om him op te wachtsjen.

It nêst fan 'e goudûle wurdt ornaris yn in holte oanlein, lykas in rotsspjalt, in beamholte of it ferlitten nêst fan in folle gruttere fûgel, lykas de hammerkop (Scopus umbretta). It komt gauris foar dat oare fûgels, benammen pearkes kaën (Coloeus monedula), yn deselde beamholte nêstelje as in pearke goudûlen, en dat soks yn skynbere harmony om en ta giet. Yn Jeropa nêstelje goudûlen ek geregeldwei yn ferlitten bygebouwen, lykas hokken, of hege bedriuwsgebouwen, lykas skuorren of loadsen. De ferfanging fan nôtskuorren troch silo's, mids tweintichste iuw, wie sterk neidielich foar de goudûle, mei't er yn nôfskuorren net inkeld nêstele, mar ek jage. Yn Fryslân, mar ek yn dielen fan Dútslân, nêstelen goudûlen fan âlds yn 'e skuorren fan pleatsen, dy't spesjaal foar dat doel in yngong foar de ûlen hiene by it dêrom sa hjittende ûleboerd.
Foarôfgeande oan it eigentlik lizzen fan 'e aaien bringt it wyfke al frijwat tiid op it nêst troch, dêr't se fuorre wurdt troch it mantsje. Hy rêst ûnderwilens deunby en fretten dêr't hy en syn wyfke noch gjin ferlet fan hawwe, slacht er yn dy tiid op om it letter oan 'e piken te fuorjen. De pearing fynt úteinlings op it nêst plak, wêrnei't it wyfke 2–9 aaien leit, mar ornaris 4–7. Dy hawwe in brutsen wite kleur en binne lichtlik ovaal. De aaien wurde om 'e dei (d.w.s. op eltse twadde dei) lein. It brieden begjint daliks sadree't it earste aai lein is en wurdt folslein dien troch it wyfke. It mantsje jaget ûnderwilens foar har en oerlaadt har bytiden sa mei deade proaien, dat dêr njonken it nêst in steapel fan ûntstiet.
De briedtiid duorret likernôch 30 dagen. Om't de aaien om 'e dei lein binne, komme se ek rûchwei om 'e dei út. Dat betsjut dat de âldste pyk folle grutter en sterker is as de jongste. Dat is in evolúsjonêre oanpassing om sels by itenskrapte safolle mooglik jongen grutbringe te kinnen: de sterkste piken frette dan al it iten op en oerlibje, wylst de swakste piken stjerre. Dat liket wreed, mar it is foar it fuortbestean fan 'e soarte folle better as wannear't alle jongen fan 'e honger ferkomme soene. Soks komt by mear fûgels foar, mar de goudûle is atypysk mei't goudûlepiken soms 'ûnderhannelje' oer it beskikbere fretten: sterkere piken kinne swakkere piken earst ite litte as se yn ruil dêrfoar de fearren fan 'e sterkere piken fersoargje. Dat giet fansels net op as it iten krap is; dan is it eltse pyk foar himsels. It tal jongen dat úteinlik mei súkses grutbrocht wurde kin, hinget sterk ôf fan it tal kjifdieren dat der te fangen is. Yn goeie mûzejierren leit it súksespersintaazje om 'e 75% hinne. Yn sokke jierren kinne goudûlen soms noch wol oan in twadde lechsel begjinne.
De piken fan 'e goudûle binne nêstbliuwers, dy't yn 't earstoan folslein ôfhinklik binne fan fersoarging troch de âlden. Se binne oerdutsen mei grizich wyt dûns. It mantsje fiert it fretten foar de piken oan en it wyfke skuort de proaien mei har snaffel en kloeren yn hapkleare stikken dy't se de piken yn 'e bek stoppet. It mantsje giet ûnderwilens troch mei pearjen mei it wyfke, wêrby't de piken soms ferwûne reitsje kinne. Yn in sitewaasje wêrby't in ûngefaarlike fûgel, lykas in do, deunby it goudûlenêst komt, hâldt en draacht it mantsje him meigeand en nijsgjirrich, wylst it wyfke beskermjend is foar har piken oer en de frjemde fûgel oanfalle kin. De reäksje fan 'e piken is ynstinktyf selsferdigenjend.
Mei 6–8 dagen kinne de piken har eigen kop omheech hâlde en wat hinne wer krûpe yn it nêst. Mei 15 dagen berikke se de helte fan har folwoeksen gewicht en sjogge se der neaken út, mei't de hoemannichte dûns har flugge groei net byhâlde kin. Mei 20 dagen komme de earste echte fearren troch. It wyfke bliuwt frijwol ûnôfbrutsen op it nêst oant alle piken 25–30 dagen âld binne; dêrnei begjint se it nêst foar hieltyd langere perioaden te ferlitten en earnewêr oars te rêsten, mar ek diel te nimmen oan it jeien foar de piken. Mei likernôch 40 dagen binne de piken likegrut as har âlden, mar mei 60–65 dagen, wannear't se in folslein fearrekleed hawwe, binne se wer wat gewicht kwytrekke. Op dat punt binne se ree om út te fleanen. Se bliuwe alteast foar in part ôfhinklik fan fersoarging troch de âlden oant se 90 dagen âld binne. Yn 'e tuskenlizzende perioade leart it wyfke harren troch de "aapke-sjoch-aapke-doch"-metoade om proaien te finen en te fangen. Wyfkes binne mei 10–11 moannen geslachtsryp en mantsjes mei 12 moannen. De trochsneed libbensferwachting fan in goudûle bedraacht yn it wyld likernôch 4 jier, mar út Skotlân binne gefallen bekend fan goudûlen dy't in bysûndere 18 jier en in tige útsûnderlike 34 jier libben.
Fretten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De goudûle is in karnivoar waans dieet foar goed 90% út lytse sûchdieren bestiet, lykas kjifdieren, hazze-eftigen, pipermûzen en flearmûzen. Fierwei de measte proaien binne kjifdieren. Dêrby giet it om mûzen en rotten fan 'e Alde Wrâld (Murinae spp.), lykas echte mûzen (Mus spp.), boskmûzen (Apodemus spp.), dwerchmûzen (Micromys spp.), echte rotten (Rattus spp.) en poelrotten (Otomys spp.); wrotmûzen (Arvicolinae), lykas fjildmûzen (Microtus spp.), reade wrotmûzen (Myodes spp.) en sniemûzen (Chionomys spp.); en echte sliepmûzen (Glirinae), lykas de sânslieper (Glis glis), de hazzemûs (Muscardinus avellanarius) en beamsliepers (Dryomys spp.).

De rest fan it fretten bestiet út lytse oant middelgrutte fûgels, lykas wilsterfûgels (Charadriidae spp.), skriezen (Limosa spp.), weverfûgels (Ploceidae spp.) en swellesturtwilstereftigen (Glareolidae spp.), en fierders hagedissen, amfibyen, ynsekten (benammen imerkes en termiten), spinnen en sels fisken. De eksoatyske muskusrôt (Ondatra zibethicus) is, mei in kop-romplingte fan 25–35 sm, en in gewicht dat oprinne kin oant 1,8 kg, sa'n bytsje de grutste proai dy't in goudûle oankin. Yn ferhâlding ta ûlefûgels (Strigidae) fan ferlykbere grutte hat goudûle in folle heger metabolisme, wat betsjut dat se ferlet hawwe fan folle mear fretten.
Natuerlike fijannen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De wichtichste natuerlike fijannen fan 'e goudûle binne middelgrutte karnivoare sûchdieren, dy't licht genôch binne om heech yn beammen te klimmen. Men kin dan tinke oan 'e beamotter (Martes martes) en de stienmurd (Martes foina), mar yn Afrika giet it ek om bygelyks de slanke mangoeste (Herpestes sanguineus) en de sjenetkat (Genetta genetta). Dêrnjonken wurde goudûlen ek bejage troch grutte rôffûgels, lykas de keningsearn (Aquila chrysaetos), de hauk (Astur gentilis) en de mûzefalk (Buteo buteo), en troch gruttere ûlen, lykas de oehoe (Bubo bubo), de Kaapske oehoe (Bubo capensis) en de molke-oehoe (Ketupa lactea).
Status
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De goudûle hat de IUCN-status fan "net bedrige", mei't er yn syn ferspriedingsgebiet noch rûnom foarkomt en om't de populaasje stabyl liket te wêzen. Nettsjinsteande dat kinne nasjonale of regionale populaasjes yn guon gefallen bedrige wêze. Dat is yn 't bysûnder sa op eilannen, dêr't de populaasjes yn 'e regel lyts en kwetsber binne. Foarbylden fan dat soarte sitewaasjes besteane op 'e Kanaryske Eilannen, Madeara en de Kaapverdyske Eilannen.
Status yn Nederlân
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Ek yn Nederlân rekke it mei de goudûle mids tweintichste iuw yn it neigean troch it gebrûk fan it lânbougif DDT dat de fûgels binnenkrigen fia harren proaidieren, de feroarings yn 'e lânbou, dy't ta it ferdwinen fan in protte briedplakken laten, en de strange winter fan 1962 op 1963, dy't in soad fan 'e fûgels net oerlibben. Tsjin 1979 wiene der noch mar 100 briedpearen en waard de goudûle yn Nederlân as slim bedrige beskôge. Sûnt binne der gâns briedkasten pleatst dy't spesjaal oanpast wiene foar goudûlen, en ek de klimaatferoaring spile de fûgel yn 'e kaart, mei't de winters stadichoan sêfter waarden. Yn 2020 waard it tal briedpearen yn Nederlân troch de fûgelbeskermingsorganisaasje SOVON op 2.900–3.300 rûsd. Yn Fryslân binne der sa'n 200–350 briedpearen, dy't benammen konsintrearre binne yn 'e súdeastlike helte fan 'e provinsje. De goudûle jildt anno 2025 yn Nederlân net mear as bedrige.


Undersoarten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Der binne 10 (stân fan saken yn 2021) erkende ûndersoarten fan 'e goudûle (Tyto alba):
- de Afrikaanske goudûle (T. a. affinis Blyth, 1862) (Afrika besuden de Sahara fan 'e Sahelkrite en de Nyldelling yn it noarden fan Sûdaan oant Kaap de Goede Hoop; ek op Madagaskar, de Komoaren, Majot en de Sansibareilannen; yntrodusearre op 'e Seysjellen)
- de Biokogoudûle (T. a. poensis Fraser, 1842) (it eilân Bioko yn 'e Golf fan Guinee)
- de gewoane goudûle (T. a. alba Scopoli, 1769) (de nominaat; fan 'e Britske Eilannen nei it suden ta oant en mei de Magrebregio fan Noard-Afrika; yn West-Jeropa rûchwei fan 'e Ryndelta oant de Alpen en súdlik dêrfan by de noardkust fan 'e Middellânske See lâns oant de Bosporus en de Dardanellen; yn Egypte fia de Nyldelling súdoan nei Sûdaan; ek yn it Aïrberchtme fan Niger, op 'e Baleären, Sisylje en de westlike Kanaryske Eilannen El Hierro, La Gomera, La Palma, Gran Canaria en Tenerife)
- de Kaapverdyske goudûle (T. a. detorta Hartert, 1913) (de Kaapverdyske Eilannen)
- de Kanaryske goudûle (T. a. gracilirostris Hartert, 1905) (de eastlike Kanaryske Eilannen Fuerteventura en Lanzarote)
- de Levantynske goudûle (T. a. erlangeri Sclater, 1921) (Kreta, de súdlike Egeyske Eilannen, Syprus, de kusten fan Lyts-Aazje oant de Kaukasus, de Fruchtbere Healmoanne fan 'e Levant en de kusten fan it Arabysk Skiereilân bylâns)
- de Madearagoudûle (T. a. schmitzi Hartert, 1900) (Madeara en Porto Santo)
- de Middenjeropeeske goudûle (T. a. guttata Brehm, 1831) (fan 'e Ryn en de Alpen oant Litouwen en noardlik Grikelân, en by de noardkust fan 'e Swarte See lâns oant de Kaukasus)
- de Santomeeske goudûle (T. a. thomensis Hartlaub, 1852) (it eilân Sao Tomee yn 'e Golf fan Guinee; in waarnimming fan it oanbuorjende eilân Prinsipe berêst op in flater)
- de Tyrreenske goudûle (T. a. ernesti Kleinschmidt, 1901) (Korsika en Sardynje)
Soms wurdt noch in alfde ûndersoarte erkend:
- de oerseeske goudûle (T. a. hypermetra Grote, 1928) (Madagaskar, Majot en de Komoaren)
Undersoarten yn Nederlân
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Nederlân leit op 'e grins fan 'e ferspriedingsgebieten fan twa ûnderskate ûndersoarten. De gewoane goudûle (T. a. alba), de nominaat, komt foar ûnder de Grutte Rivieren, wylst de Middenjeropeeske goudûle (T. a. guttata) dêrboppe libbet. Dy ferdieling is rûchwei; yn Midden-Nederlân ferminge de beide ûndersoarten har mei-inoar.
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side, en ûnder: References, op dizze side.
|
- Fûgelsoarte
- Goudûle
- Lânseigen fauna yn Abgaazje
- Lânseigen fauna yn Albaanje
- Lânseigen fauna yn Andorra
- Lânseigen fauna yn Belgje
- Lânseigen fauna yn Bosnje-Hertsegovina
- Lânseigen fauna yn Bulgarije
- Lânseigen fauna yn Denemark
- Lânseigen fauna yn Dútslân
- Lânseigen fauna yn Eastenryk
- Lânseigen fauna yn Fatikaanstêd
- Lânseigen fauna yn Frankryk
- Lânseigen fauna yn Fryslân
- Lânseigen fauna yn Georgje
- Lânseigen fauna yn Gibraltar
- Lânseigen fauna yn Grikelân
- Lânseigen fauna yn Guernsey
- Lânseigen fauna yn Hongarije
- Lânseigen fauna yn Ierlân
- Lânseigen fauna yn Ingelân
- Lânseigen fauna yn Itaalje
- Lânseigen fauna yn Jeropeesk Ruslân
- Lânseigen fauna yn Jersey
- Lânseigen fauna yn de Kanaryske Eilannen
- Lânseigen fauna yn Kosovo
- Lânseigen fauna yn Kroaasje
- Lânseigen fauna yn Litouwen
- Lânseigen fauna yn Lúksemboarch (lân)
- Lânseigen fauna yn Madeara
- Lânseigen fauna yn Man
- Lânseigen fauna yn Moldaavje
- Lânseigen fauna yn Monako
- Lânseigen fauna yn Montenegro
- Lânseigen fauna yn Nederlân
- Lânseigen fauna yn Noard-Ierlân
- Lânseigen fauna yn Noard-Masedoanje
- Lânseigen fauna yn de Oekraïne
- Lânseigen fauna yn Poalen
- Lânseigen fauna yn Portegal
- Lânseigen fauna yn Roemeenje
- Lânseigen fauna yn San Marino
- Lânseigen fauna yn Servje
- Lânseigen fauna yn Skotlân
- Lânseigen fauna yn Sloveenje
- Lânseigen fauna yn Slowakije
- Lânseigen fauna yn Spanje
- Lânseigen fauna yn Sweden
- Lânseigen fauna yn Switserlân
- Lânseigen fauna yn Syprus
- Lânseigen fauna yn Tsjechje
- Lânseigen fauna yn Turkije
- Lânseigen fauna yn Wales
- Lânseigen fauna yn Wyt-Ruslân
- Lânseigen fauna yn Bachrein
- Lânseigen fauna yn de Feriene Arabyske Emiraten
- Lânseigen fauna yn Irak
- Lânseigen fauna yn Iran
- Lânseigen fauna yn Israel
- Lânseigen fauna yn Jemen
- Lânseigen fauna yn Jordaanje
- Lânseigen fauna yn Katar
- Lânseigen fauna yn Koeweit
- Lânseigen fauna yn Libanon
- Lânseigen fauna yn Oman
- Lânseigen fauna yn Palestina
- Lânseigen fauna yn Saûdy-Araabje
- Lânseigen fauna yn Syrje
- Lânseigen fauna yn Algerije
- Lânseigen fauna yn Angoala
- Lânseigen fauna yn Benyn
- Lânseigen fauna yn Boerkina Faso
- Lânseigen fauna yn Boerûndy
- Lânseigen fauna yn Botswana
- Lânseigen fauna yn Egypte
- Lânseigen fauna yn Ekwatoriaal-Guinee
- Lânseigen fauna yn Eritreä
- Lânseigen fauna yn Etioopje
- Lânseigen fauna yn Gabon
- Lânseigen fauna yn Gambia
- Lânseigen fauna yn Gana
- Lânseigen fauna yn Guinee
- Lânseigen fauna yn Guinee-Bissau
- Lânseigen fauna yn Ivoarkust
- Lânseigen fauna yn Kaapverdje
- Lânseigen fauna yn Kameroen
- Lânseigen fauna yn Kenia
- Lânseigen fauna yn de Komoaren
- Lânseigen fauna yn Kongo (Demokratyske Republyk)
- Lânseigen fauna yn Kongo (Republyk)
- Lânseigen fauna yn Lesoto
- Lânseigen fauna yn Libearia
- Lânseigen fauna yn Lybje
- Lânseigen fauna yn Madagaskar
- Lânseigen fauna yn Majot
- Lânseigen fauna yn Malawy
- Lânseigen fauna yn Maly
- Lânseigen fauna yn Marokko
- Lânseigen fauna yn Mauretaanje
- Lânseigen fauna yn Mozambyk
- Lânseigen fauna yn Namybje
- Lânseigen fauna yn Nigearia
- Lânseigen fauna yn Niger
- Lânseigen fauna yn Rûanda
- Lânseigen fauna yn Sambia
- Lânseigen fauna yn Sao Tomee en Prinsipe
- Lânseigen fauna yn Senegal
- Lânseigen fauna yn Sierra Leöane
- Lânseigen fauna yn Simbabwe
- Lânseigen fauna yn de Sintraal-Afrikaanske Republyk
- Lânseigen fauna yn Somaalje
- Lânseigen fauna yn Súd-Afrika
- Lânseigen fauna yn Sûdan
- Lânseigen fauna yn Súd-Sûdan
- Lânseigen fauna yn Swazylân
- Lânseigen fauna yn Tanzania
- Lânseigen fauna yn Togo
- Lânseigen fauna yn Tsjaad
- Lânseigen fauna yn Tuneezje
- Lânseigen fauna yn Uganda
- Lânseigen fauna yn de Westlike Sahara
- Eksoat yn de Seysjellen

