Springe nei ynhâld

Westfryske Ringdyk

Ut Wikipedy
Kaart fan Noard-Hollân út 1840 dêr't de Westfryske Ringdyk yn 't read oanjûn is
Westfryske Ringdyk
De Rekerdyk, part fan 'e Westfryske Ringdyk by it Noardhollânsk Kanaal by Alkmar

De Westfryske Ringdyk (Nederlânsk: Westfriese Omringdijk) is in 126 km lange dyk dy't om de histoaryske krite West-Fryslân hinne leit en oer de stêden Inkhuzen, Hoarn, Alkmar, Skagen, Medemblik wer nei Inkhuzen rint.

De dyk is it resultaat fan it keppeljen fan 38 ferskate diken dy't yn 'e rin fan 'e jierren yn in sletten sirkel oanlein waarden mei as doel in útwreide ferdigening te bieden tsjin oerstreamings fan de sompen en it seeweter. De dyk beskermet in oerflak fan 800 km². De bou kaam ree yn 1250 om de krite te ferdigenjen tsjin de Sint-Lusiafloed fan 1287 dêr't de Sudersee nei ûntstie. West-Fryslân rekke skaat fan de rest fan Fryslân.

West-Fryslân hat in lange tradysje yn it oanlizzen fan diken, itjinge ien fan de grutste ekonomyske faktors yn de Fryske lannen wie. Bewenning wie dêr yn 'e krite sûnt it begjin fan 'e 1e iuw f.Kr.. It feangrûn waard yn 'e iuwen dêrnei oanmakke en kultivearre. Troch it fersakjen fan 'e feangrûn troch it algeduerigen ûtwetterjen, krong it seewetter hieltyd fierder yn . Fan de 10e iuw ôf waard úteinset mei it oanlizzen fan dykjes hjir en dêr. Dy waarden ynearsten oanlein tusken ferskate terpen. Dy dykjes wiene doe noch leech en simpel en brieken gauris troch dêr't der allegear lytse marren yn it gea ûntstiene. Dêrtroch ûntstie der in grut stelsel fan marren by Teksel en Flylân. It earste part fan 'e Wieringermar waard ek wetter. Ek de wettergebieten yn it Wetterlân súdlik fan 'e krite waarden stikken grutter. De Westfriezen waarden twongen en bou hieltyd sterkere diken. Dat behindere lykwols net dat it Fly, dy't West-Fryslân fan 'e rest fan Fryslân skate, hieltyd grutter waard, benammen nei de Sint-Lusiafloed yn 1187, dêr't de Sudersee troch ûntstie. Healwei de 13e iuw waarden der hieltyd mear gebieten mei-inoar ferbûn mei diken. Sa ûntstie stadichoan in netwurk fan diken oer gâns it Westfryske gebiet. Troch it brûken fan tuskendiken yn it gebiet ûntstiene lytsere gebietsjes dy't elts omkringe waarden troch diken. Yn 'e rin fan 'e tiid waarden diken mei-inoar ferbûn ta in stelsel dat hjoed-de-dei bekend is as de Westfryske Ringdyk.

Yn 'e 12e iuw waard West-Fryslân njonken it wetter ek bedrige troch de optsjende Hollanners út it suden wei. Fan it begjin fan 'e 16e iuw kamen de diken hieltyd mear op har fêste plak te lizzen omreden se steviger en heger boud waarden. Troch it drûchlizzen fan ferskate wetters yn West-Fryslân, dy't úteinset waarden mei it drûchlizzen fan de Sipe letter dy iuws, waard seewarrende funksje fan 'e Ringdyk minder. De see briek somtiden noch wolris troch en ferdronken der minsken. Yn 'e 20e iuw, nei it oanlizzen fan 'e Ofslútdyk, hie it seewetter gjin greep mear op 'e Ringdyk dêr't er alle seewarrende funksjes troch ferlear.

De rin fan de dyk

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De rin fan de Westfryske Ringdyk rint oer Inkhuzen, Broekerhaven, Venhuizen, Oosterleek, Wijdenes, Schellinkhout, Hoarn, Scharwoude, Schardam, Oudendijk, Avenhorn, Ursem, Rustenburg, Oterleek, Oudorp, Alkmar, Koedijk, Schoorldam, Krabbendam, Eenigenburg, Sint Maarten, Schagerbrug, Skagen, Keinse, Poolland, Kreil, Kolhorn, Winkel, Aartswoud, Lambertschaag, Twisk, Opperdoes, Medemblik, Onderdijk, Wervershoof, Andijk en Oosterdijk en wer werom nei Inkhuzen.

Provinsjaal monumint

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De ferskate parten fan 'e dyk binne troch de provinsje Noard-Hollân oanwiisd as provinsjale monuminten.

Sûnt 2011 wurdt de Omgong fan de Westfryske Ringdyk alle jierren organisearre troch Le Champion. Dat fytsevenemint hat ferskate ôfstannen dêr't de langste ôfstân oer gâns de Ringdyk by rint.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]