Westerskarsleat

Ut Wikipedy
Springe nei navigaasje Springe nei sykjen

De Westerkarsleat is in feart op de grins fan de gemeenten It Hearrenfean en De Fryske Marren. De feart rint fan Nijbrêge neist de H.B. Jonkerwei in stikje eastwerts en rint dan benoarden it Lytse Skar njonken de A32 noardwerts en komt út yn de Ringfeart besuden De Deelen.

De namme Westerskarsleat jildt sûnt 15 maart 2007 as de offisjele namme, as ferfanging foar de eardere offisjele namme Westersche Scharsloot.