Springe nei ynhâld

Wester-Ohrstedt

Ut Wikipedy
Wester-Ohrstedt / Weester-Uurst
Lokaasje gemeente Wester-Ohrstedt (read) yn Noard-Fryslân.
Lokaasje gemeente Wester-Ohrstedt (read) yn Noard-Fryslân.
Bestjoer
Lânflagge fan Dútslân Dútslân
Dielsteat Sleeswyk-Holstein
KreisNoard-Fryslân
AmtViöl
Sifers
Ynwennertal1.105 (31.12.2024)[1]
Oerflak18,54 km²
Befolkingsticht.60 ynw./km²
Hichte26 m
Oar
Stifting1 april 1934
Postkoade25885
Offisjele webside
www.wester-ohrstedt.de
Kaart
Wester-Ohrstedt (Sleeswyk-Holstein)
Wester-Ohrstedt

Wester-Ohrstedt (Noardfrysk: Weester-Uurst; Deensk: Vester Ørsted) is in plak en gemeente yn 'e kreis Noard-Fryslân yn 'e Dútske dielsteat Sleeswyk-Holstein. De gemeente makket diel út fan it amt Viöl.

Njonken it doarp mei deselde namme lizze ek de hûzegroepen Ohrstedt-Bahnhof, Westerholz (Deensk: Vesterholt), Bremsburg (Deensk: Bremsborg), Pfannendorf, Haneburg, yn 'e gemeente.

Yn it gemeentegebiet fan Wester-Ohrstedt, eastlik fan it stasjon Ohrstedt, leit de boarne fan 'e Husumer Mühlenau. Dit rivierke streamt súdlik fan 'e doarpskearn troch de gemeente hinne rjochting Husum.

Grêfheuvels út 'e Stientiid (Neolitikum) en de Brûnstiid tsjûgje fan in iere bewenning op it hjoeddeiske doarpsgebiet. Yn totaal binne der mear as fjirtich argeologyske fynsten en alve grêfheuvels yn 'e gemeente bekend.

Yn 'e tiid tusken 1200 en 1420 stie yn it súdwesten fan it doarpsgebiet de Haneburg. Nei alle gedachten wie dat in toer op in heuvel, dêr't tsjintwurdich yn it lânskip neat mear fan werom te finen is. Allinnich de nammen fan in strjitte en in pleats dogge noch tinken oan dy âlde fersterking.

It plak sels waard yn 1438 foar it earst skriftlik as Westerohrstede neamd. De namme Ohrstedt giet mooglik werom op it Aldnoarske wurd ārr, wat "boade" of "ingel" betsjut, of op it Aldnoarske arðr (Alddeensk: arthær) yn 'e betsjutting fan "ploech". Ohrstedt soe dêrmei safolle betsjutte kinne as "plak fan 'e boade" of "ploechplak".

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Stêden en gemeenten yn 'e Kreis Noard-Fryslân
Achtrup · Ahrenshöft · Ahrenviöl · Ahrenviölfeld · Alkersum · Almdorf · Arlewatt · Aventoft · Bargum · Behrendorf · Bohmstedt · Bondelum · Bordelum · Borgsum · Bosbüll · Braderup · Bramstedtlund · Bredstedt · Breklum · Dagebüll · Drage · Drelsdorf · Dunsum · Elisabeth-Sophien-Koog · Ellhöft · Emmelsbüll-Horsbüll · Enge-Sande · Fresendelf · Friedrich-Wilhelm-Lübke-Koog · Friedrichstadt · Galmsbüll · Garding · Garding, Kirchspiel · Goldebek · Goldelund · Gröde · Grothusenkoog · Haselund · Hattstedt · Hattstedtermarsch · Högel · Holm · Hooge · Hörnum (Sylt) · Horstedt · Hude · Humptrup · Husum (haadstêd) · Immenstedt · Joldelund · Kampen (Sylt) · Karlum · Katharinenheerd · Klanxbüll · Klixbüll · Koldenbüttel · Kolkerheide · Kotzenbüll · Ladelund · Langeneß · Langenhorn · Leck · Lexgaard · List · Löwenstedt · Lütjenholm · Midlum · Mildstedt · Nebel · Neukirchen · Nieblum · Niebüll · Norddorf auf Amrum · Norderfriedrichskoog · Nordstrand · Norstedt · Ockholm · Oevenum · Oldenswort · Oldersbek · Olderup · Oldsum · Ostenfeld (Husum) · Oster-Ohrstedt · Osterhever · Pellworm · Poppenbüll · Ramstedt · Rantrum · Reußenköge · Risum-Lindholm · Rodenäs · Sankt Peter-Ording · Schwabstedt · Schwesing · Seeth · Simonsberg · Sollwitt · Sönnebüll · Sprakebüll · Stadum · Stedesand · Struckum · Süderende · Süderhöft · Süderlügum · Südermarsch · Sylt · Tating · Tetenbüll · Tinningstedt · Tönning · Tümlauer-Koog · Uelvesbüll · Uphusum · Utersum · Viöl · Vollerwiek · Vollstedt · Welt · Wenningstedt-Braderup (Sylt) · Wester-Ohrstedt · Westerhever · Westre · Winnert · Wisch · Witsum · Wittbek · Wittdün auf Amrum · Witzwort · Wobbenbüll · Wrixum · Wyk auf Föhr
· · Berjocht bewurkje