Springe nei ynhâld

Greefskip West-Frisia

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan West-Frisia)
Greefskip West-Frisia
Comitatis Fresiae (Latyn)
0885–1101
flagge wapen
Nog geen vlag Nog geen wapen
geografyske lokaasje
polityk
haadstêd
offisjele taal Aldfrysk, Aldnederfrankysk
steatsfoarm Greefskip
ûntstien út Hartochdom Fryslân
opgien yn Greefskip Hollân
no diel fan Nederlân
sifers
ynwennertalinkele tsientûzenen

It greefskip West-Frisia of it greefskip West-Fryslân wie in net dúdlik ôfbeakene midsiuwsk greefskip fan it Hillige Roomske Ryk. West-Frisia is de namme dêr't skiedskriuwers it gebiet mei oantsjutte dat nei de Frankyske oermastering yn 619 n.Kr. fan it Fryske Ryk bestjoerd waard troch greven en likernôch út de gebieten Teksel, Wieringen, Medemblik, Kinmerlân, Rynlân, Maaslân, Skouwen en Walcheren bestie en dy't bewenne waard troch (westlike) Friezen.

West-Frisia (Latyn: Frisia/Fresia occidentalis) wie it westlik gebiet fan Frisia, de namme fan it midsiuwske wengebiet fan de Friezen, tusken de Fly en Sinkfal, sa't yn 'e Lex Frisionum neamd wurdt: Apud occidentales Fresionea inter Flehi et Sincfalam... ("By de westlike Friezen tusken Fly en Sinkfal...").[1]

De omfieming fan it gebiet is troch de iuwen hinne feroare. Yn 'e snuorje doe't de Lex Frisionum opmakke waard hearde it hiele gebiet fan 'e Sinkfal, de doetiidske rin fan 'e Westerskelde nei it Fly mei it sintrale rivieregebiet mei Utert, Doarestêd en de Betuwe ynbegrepen. It gebiet súdlik fan 'e Alde Ryn en it sintrale riviergebiet hearde earst ta it Romeinske Ryk. Fan 'e 3e iuw ôf setten Franken har nei wenjen yn it Romeinsk gebiet. Letter setten dêr ek Friezen har nei wenjen dêre. Yn 'e 6e iuw wurdt neamd dat it gebiet ûnder Fryske kontrôle is. It gebiet súdlik fan 'e Alde Ryn waard troch de Franken Frisia Citerior ("neier Fryslân"), foar Frisia Ulterior ("fierder Fryslân") oer, neamd. Yn 'e rin fan 'e iuwen, nei de Frankyske oermastering fan Fryslân, is de súdlike grins fan Frisia hieltyd mear nei it noarden ta opskood. Yn 1289 waard it lêste part fan West-Frisia, de krite West-Fryslân troch de Hollânske greve Floaris V oermastere.[2]

Nei't de Fryske kening Redbad ferstoar yn 719 n.Kr. waard it Fryske gebiet oant de Fly troch de Frankyske lieder Karel Martel oermastere. Guon skiedkundigen oppenearje lykwols dat de Frankyske oermastering doe net fierder as de Felserstream gie en dat meei de Slach oan de Boarn yn 734 Fryslân, mei de rest fan West-Frisia, oant de Lauwers oarmastere waard.[3]. Karel Martel syn pakesizzer, Karel de Grutte oermastere East-Frisia, mank mei Saksen (772-775). Under Karel de Grutte en syn neiteam, de Karolingen, waarden de Fryske gebieten, lykas yn 'e rest fan harren ryk, ûnderferparte yn greefskippen (pagi), bestjoerd troch greven. Dy goagreven wiene yn dy snuorje amtners fan de kening dy't syn taken regionaal útfierden. De greefskippen yn it Fryske gebiet waarden foarme út 'e Fryske goaen. De greven wiene almeast part fan de Frankyske adel ynstee fan de Fryske elite. Nei't de macht fan de Karolingen yn 'e rin fan de 8e en 9e iuw yn it neigean rekke, waarden de pleatslike bestjoerders hieltyd machtiger. Yn dy snuorje wiene de ynfallen fan de Wytsings yn folle gong. Om dy ynfallen del te bêdzjen waarden beskate gebieten troch de Karolingyske hearskers oan foaroansteande Wytsings útliend. Grutte dielen fan Frisia, wêrûnder gâns West-Frisia, waarden útliend oan Wytsings lykas bygelyks de bruorren Roarik en Harald en letter Godfryd, dy't as hartoch fan Fryslân regearen. Dêr ûntstie noed oer de tanimmende macht fan Godfryd en dy waard yn 885 fermoarde. In Fryske fazal fan Godfryd dy't mooglik in rol by de moard spile wie Gerulf. Hy stamme mooglik út in aadlik skaai út Westergoa. Nei de moard op Godfryd krige er yn 885 it Rynlân yn lien fan keizer Karel de Grouwe. Boppedat krige er op 4 augustus 889 stikken lân yn Kinmerlân by Noardwyk en guon pleatsen yn Teisterbant yn besit fan de Eastfrankyske kening Arnulf fan Karintje. Neffens histoarikus D.P. Block krige er it sizzenskip oar gâns West-Frisia, dat doe de kuststripe fan de Fly oant de mûning fan de Maas wie mei de goaen Teksel, Kinmerlân, Rynlân en Maaslân.[4] Hy waard comes Fresonum ("greve fan de Friezen") neamd. Hy wurdt as de stamheit fan de Gerulfingen sjoen.[5]

Gerulf syn soan Durk I folge him nei syn dea yn West-Frisia op. De greve syn macht beheinde lykwols oer it gebiet súdlik fan 'e IJ. Kening Karel de Ienfâldige joech Durk de tsjerke fan Egmond en syn besittings as beleaning foar syn help yn de Slach by Soissons om in opstân fan Westfrankyske fazallen te ûnderdrukken. Hy koe dat dwaan, want Egmond foel krekt noardlik fan it gebiet dy't er urven hie fan syn heit. Hy stifte dêrnei de Abdij fan Egmond.

It feodalisme krige yn de Fryske gebieten amper foet oan 'e grûn. Yn 993 sneuvele greve Arnulf yn syn besykjen syn ûnderdienen om sizzen jaan te litten. It greefskip koe him al yn eastlike rjochting útwreidzje yn it neidiel fan 'e biskop fan Utert. Arnulf syn soan Durk III hie syn machtsbasis yn Flaardingen, dêr't er tol ynfierde oer de Merwede. Dêr krige er it oan 'e stok mei de biskop fan Utert en de Dútske kening Hindrik de Hillige. Dy soenen Durk oanpakke, mar waarden yn 1018 troch him ferslein yn de Slach by Flaardingen.

Om 950 hinne waard úteinset mei de Grutte Lânoanmakkerij fan it grutte feangebiet, dy't troch de greven fan West-Frisia en de biskoppen fan Utert oanset waarden. Lykwols yn oare parten fan de Fryske lannen, lykas yn Westflinge en it Wetterlân waard it oanmeitsjen fan it fean neffens it Fryske opstrekrjocht.

Oan 'e ein fan de 11e iuw feroare de namme fan it greefskip. Yn 1101 liet greve Floaris II him offisjeel comes de Hollant ("greve fan Hollân") neame. De namme hol(t)lant komt fan it Aldnederlânsk en bestjut "wâld/broek lân". It gie ynearsten om in feansompegebiet yn it Rynlân, mar waard nei 1101 de namme fan it greefskip. Yn 'e rin fan de 11e iuw binne Hollân en de rest fan West-Fryslân, doetiids oantsjut as "Westflinge" útinoar groeid. Yn Hollân ûntstie in stribjen nei in eigen identiteit mei in eigen kultuer, taal en rjocht. De Friezen dêrfoaroer woene har net deljaan oan it greeflik gesach. Durk III, lykas syn soannen Durk IV en Floaris I holden harren dêrom ta yn it suden.[6] Doe't yn 1064 it greefskip, mei útsûndering fan it Maaslân, troch keizer Hindrik IV yn lien jûn waard oan de Utertske biskop, hat it fierder yn 'e hân wurke. Yn 1125 waard it greefskip troch tadwaan fan kening Lotarius fan Supplingenburg wer ryksûnmidlik wurde. It gebiet boppe de IJ, bleau ynearsten út 'e hannen fan de greven fan Hollân.

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Boarnen

  • Kees Nieuwenhuijsen (2016) Strijd om West-Frisa, De ontstaansgeschiedenis van het graafschap Holland, Omniboek.
  • Henstra, D.J. (2012), Friese graafschappen tussen Zwin en Wezer, Assen: van Gorcum, ISBN 9789023249788

Noaten

  1. Kees C. Nieuwenhuijsen, Lex Frisionum – Tekst en vertaling. Kees Nieuwenhuijsen Living History Studies (jannewaris 2010). Argivearre op 29 oktober 2020. Oproppen op 14 jannewaris 202014 jannewaris 2020.
  2. Bakker, G. (1962): De grenzen van Frisia tussen 600 en 1150, It Beaken 24-2, siden 120-130, dêryn siden 126-127.
  3. Halbertsma, H. Frieslands oudheid, het rijk van de Friese koningen, Utert 2000, side 222,
  4. Henstra, D.J. (2012), Friese graafschappen tussen Zwin en Wezer, Van Gorcum, Assen, siden 66,67
  5. Jaekel, Hugo (1895), ”Die Grafen von Mittelfriesland aus dem Geschlechte König Ratbods”, Gotha, siden 34-39
  6. Blok, D.P., Holland und Westfriesland, side 358