Wesselius Marcus Houwing

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search

Wesselius Marcus Houwing (Aldlemmer, 1 maart 1831 - Hoarn, 4 febrewaris 1907) wie in Nederlânsk politikus.

Houwing wie in herfoarme predikant fan de moderne rjochting, dy't tsien jier liberaal Twadde Keamerlid foar it Frysk-Drintske distrikt Wolvegea (Weststellingwerf) wie. Hy sluet him oan by de foarútstribjende liberalen. Hy spruts yn de Keamer allinnich oer ûnderwerpen mei in beheind belang.