Wermsdorf
| Wermsdorf | ||
| Slot Hubertusburg | ||
| Symboal | ||
| Bestjoer | ||
| Lân | ||
| Dielsteat | ||
| Lânkring | Noardsaksen | |
| Gemeente-yndieling | 11 Ortsteile | |
| Sifers | ||
| Ynwennertal | 5.148 (31.12.2024)[1] | |
| Oerflak | 104,62 km² | |
| Befolkingsticht. | 49 ynw./km² | |
| Hichte | 185 m | |
| Oar | ||
| Stifting | 1206 (earste fermelding) | |
| Postkoade | 04779 | |
| Offisjele webside | ||
| www.wermsdorf.de | ||
| Kaart | ||
Wermsdorf is in plak en gemeente yn 'e Landkreis Noardsaksen yn Dútslân. De gemeente Wermsdorf hat 5148 ynwenners (2024). Yn 'e gemeente leit by Collm it heechste punt fan 'e regio: de 312 m hege Collmerberg
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De earste dokumintêre fermelding fan Wermsdorf datearret fan 1215.
Yn 1721 sette de bou fan in grut jachtslot útein, de Hubertusburg. Karfoarst Freark August II fan Saksen wreide it paleis yn 1743 nochris út en sa ûntstie ien fan 'e grutste barokke jachtslotten fan Europa. Yn 'e Sânjierrige Oarloch waard de Hubertusburg yn 1761 troch de Prusen plondere en it slot hat him dêrnei nea wer hielendal wersteld. Yn 1763 makke it Ferdrach fan Hubertusburg in ein oan 'e oarloch, al waard dat yn it tichtebylizzende Slot Dahlen ûndertekene. De Hubertusburg waard sûnt 1941 brûkt as in akademy foar offisieren fan 'e Luftwaffe.
Op 25 april 1945 kaam it Amerikaanske leger oan yn Wermsdorf en op 5 maaie 1945 naam it Sovjet-leger it fan 'e Amerikanen oer.
Yn it ta de gemeente hearrende doarpke Collm stiet in âlde gerjochtslinebeam. Under dy beam waard al yn de 12e iuw rjocht sprutsen yn in ding.
Gemeenteyndieling
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De hjoeddeiske fúzjegemeente Wermsdorf is yn 'e hjoeddeiske omfang op 1 jannewaris 1999 oprjochte. Doe waarden de foarhinne selsstannige gemeenten Calbitz en Luppa by Wermsdorf foege. De oare plakken (lykas Collm, Mahlis en Liptitz) wiene yn 'e rin fan 'e jierren 1990 mei Wermsdorf fusearre.
De gemeente bestiet út alve Ortsteile:
|
Ofbylden
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Alde Jachtslot Wermsdorf.
- Tsjerke fan Wermsdorf.
- Wermsdorf.
- Riddergoed Wiederoda.
- Senftenberg.
- Alberttoer.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
| Stêden en gemeenten yn 'e Landkreis Noardsaksen | ||
|---|---|---|
| Arzberg - Bad Düben - Beilrode - Belgern-Schildau - Cavertitz - Dahlen - Delitzsch - Doberschütz - Dommitzsch - Dreiheide - Eilenburg - Elsnig - Jesewitz - Krostitz - Laußig - Liebschützberg - Löbnitz - Mockrehna - Mügeln - Naundorf - Oschatz - Rackwitz - Schkeuditz - Schönwölkau - Taucha - Torgau (haadstêd) - Trossin - Wermsdorf - Wiedemar - Zschepplin | ||
