Springe nei ynhâld

Wendelinus

Ut Wikipedy
Wendelinus
   hillige
Byld fan Wendelinus op it heechalter fan 'e Lusiatsjerke yn Einig by Polch (D).
Byld fan Wendelinus op it heechalter fan 'e Lusiatsjerke yn Einig by Polch (D).
persoanlike bysûnderheden
nasjonaliteitIersk of Skotsk
bertedatum±554
stjerdatum±617
hillichferklearring
fereare trochRoomks-Katolike Tsjerke
hjeldei20 oktober
hillichdomWendelinusbasilyk, St. Wendel
attributenhoederstêf, hoed, fee
patroan fanboeren, hoeders

De hillige Wendelinus is in kristlike hillige út de 6e of 7e iuw en wurdt benammen fereare yn Dútslân, it easten fan België, Lúksemboarch en dielen fan Frankryk. Hy is ien fan 'e meast fereare boerehilligen yn Dútslân.

Der is net in soad histoarysk bewiis foar syn bestean, mar der binne ferskate leginden dy't syn libben beskriuwe. Wendelinus soe in Ierske of Skotske prins west ha, dy't ôfseach fan syn troan om in from en ienfâldich libben te lieden. Hy reizge as pylger nei it fêstelân fan Jeropa en fêstige him yn 'e omkriten fan Trier yn Dútslân.

Hy waard hoeder en letter, neffens guon ferhalen, abt fan in kleaster. Ek soe er as klúzner of muonts yn 'e natuer, yn bercheftich gebiet libbe ha. Hy waard bekend om syn frommens, syn ienfâld en syn soarch foar fee en boeren.

Wendelinus is de patroanhillige fan boeren, hoeders, fee, en greide. Wendelinus waard dan ek in soad fereare yn doarpen en agraryske mienskippen. Hy wurdt oanroppen tsjin feeziekten, drûchte, stoarmen en hongersneed.

Oer it grêf waard de Wendelinusbasilyk yn Sankt Wendel (Saarlân) boud, dêr’t in grut pylgerplak ûntstie. De stêd sels waard yn 'e 12e iuw nei him ferneamd. De ferearing fan Wendelinus bloeide benammen yn 'e midsiuwen en wurdt oant hjoed-de-dei trochset, fral op syn feestdei 20 oktober (yn Dútsktalige lannen) of 21 oktober (yn 'e Roomsk-Katolike Tsjerke).

Yn tsjerken dy't oan him wijd binne, steane faak bylden fan him as jonge muonts of hoeder, mei in hoed, in hoedersstôk, in laam of oar fee.

Glêzen skryn mei de reliken op 'e sarkofaach fan Wendelinus.

Alle tsien jier wurdt yn St. Wendel it Wendelsjier fierd. Yn dat jier wurdt de glêzen skryn mei de reliken op 'e sarkofaach fan Wendelinus foar it publyk útstalt. Dêr komme yn 'e regel in soad pylgers op ôf en it is in wichtich barren yn 'e lokale religieuze kalinder.

De Wendelinus-Pilgerweg is in histoaryske pylgerrûte fan likernôch 54 km, dy't by de Wendelinusbasilika yn St. Wendel begjint en oer plakken lykas Winterbach en Alsweiler nei Tholey fierd. Dy rûte folget de spoaren fan Wendelinus.

Dyjingen dy't in koartere rûte rinne wolle kinne Wendelinus-Rundweg rinne, in rûte fan sa'n 8 km om St. Wendel hinne. Dy rûte begjint ek by de basilyk en bringt pylgers by plakken fan histoarysk belang lâns, lykas de Wendelinusboarne en de Wendelinuskapel yn it Wendelstälchen. By dy kapel wurde alle jierren op Peaskemoandei hynders segene, in tradysje dy't weromgiet op 'e ferearing fan Wendelinus as beskermhillige fan fee. Neffens it ferhaal hat Wendelinus dêr syn fee hoede en stie op dat plak syn klús.

Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Sint-Wendelinus fan Wikimedia Commons.