Springe nei ynhâld

Weißwurst

Ut Wikipedy
Münchner Weißwürst mei Brezel en swiete moster

Weißwurst, wurdt ek Münchner Weißwurst neamd, is in woarst spesjaliteit út de Dútske dielsteat Beieren. De woarst wurdt ornaris net sean en net pikele en hat dêrom in griis-wite kleur. Yngrediïnten binne keallefleas (kin ek bargefleis tusken sitte), sipels, peterseelje, foelie en sitroen. It resept datearret út 1857. Neffens de tradysje mei de woarst allinnich moarns iten wurde mei swiete moster en Brezel (kreakeling fan bôle).

Njonken de Weißwurst út München bestiet der ek noch de Silezyske Weißwurst en de Hamboarchske Weißwurst. Dochs is de Weißwurst suver in synonym foar de Weißwurst út München.

De Münchner Weißwurst mei net sean wurde, oars kin it feltsje net mear sa maklik fan de woarst ôflutsen wurde. De Weißwurst moat 10 - 15 minuten yn in pan hyt wetter fan tusken de 75 en 85 graden en kin dan op tafel.