Springe nei ynhâld

Weerselo

Ut Wikipedy
Weerselo
Stiftstsjerke.
Stiftstsjerke.
Symboalen
Bestjoer
Lânflagge fan Nederlân Nederlân
Provinsje Oerisel
GemeenteDinkellân
Sifers
Ynwennertal3.141 (1 jannewaris 2023)
Oerflak18,6 km²,
dêrfan lân: 18,58 km²
dêrfan wetter: 0,02 km²
Offisjele webside
Weerselo
Kaart
Weerselo (Oerisel)
Weerselo
Lizzing fan Weerselo yn Oerisel

Weerselo is in doarp yn 'e Oeriselske gemeente Dinkellân. Weerselo hat 3.141 (1 jannewaris 2023) ynwenners.

Weerselo is ek in eardere gemeente. Yn 2001 is de gemeente fusearre mei de gemeenten Denekamp en Ootmarsum ta de gemeente Dinkellân. De buorskip Het Sticht (It Stift) by Weerselo is in beskerme doarpsgesicht. De sânstiennen stiftstsjerke dêre is sûnt de Reformaasje yn gebrûk bleaun by de lytse kalvinistyske gemeente.

De oarsprong fan 'e namme Weerselo giet werom op it yn 'e 12e iuw stifte kleaster, dat hjoed-de-dei bekendstiet as It Stift Weerselo. Yn 'e neite fan it kleaster hat him yn 'e rin fan 'e tiid in bewenne kearn foarme, dy't útgroeide ta it tsjerkedoarp Weerselo. Yn it Twintsk-Nedersaksysk wurdt it doarp "Weersel" neamd. Aldere skriuwwizen fan Weerselo binne: Werslo (1170), Weersle (1381), Weersele (1395), Weersloe (1517), Werselo (1591), Weerseloo (1883) en Weerselo (1903). Lo betsjut bosk. It earste part fan it wurd ferwiist nei alle gedachten nei it Aldnederlânske wurd wers, dat woest betsjut.

Al yn 'e 16e iuw setten minsken har benammen oan 'e eastlike kant fan it kleaster yn it noch rûge gebiet nei wenjen. Dat gebiet hiet yn it begjin De Velthuiser en krige letter de namme de Nijstad.[1]

It besjen wurdich

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
It stift.

It doarp Weerselo is ûntstien út it eardere stift. Eins is de namme fan Weerselo net allinne Weerselo, mar it Stift-Weerselo. Dat betsjut dat Weerselo in part is fan 'e âldere kearn It Stift. Op it stift stiet in protestantske tsjerke dy't troch in soad toeristen besocht wurdt.

It foar it grutste part roomsk-katolike Weerselo hat de parochytsjerke yn 'e hjoeddeiske kearn fan Weerselo. De tsjerke is wijd oan 'e hillige Remigius. Op it oanbuorjende tsjerkhôf lizze twa identifisearre oarlochsgrêven en fiif net-identifisearre grêven.

Benoarden it doarp, al leit er yn 'e gemeente Tubbergen en heart er by it noch noardliker lizzende Reutum, stiet de nôtmûne De Vier Winden. Dizze mûne wurdt ek wol de Weerseloër Mûne neamd.

Gemeente Weerselo

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Alde gemeentehûs.

Yn 1811 waard it âlde rjochteramt Oldenzaal opdield yn trije gemeenten: de stêd Oldenzaal en de gemeenten Losser en Weerselo. Yn it gefal fan Weerselo waarden de acht marken Deurningen, Dulder, Gammelke, Hasselo, Klein-Driene, Lemselo, Rossum en Volthe, dy't yn 'e omkriten leine, gearfoege ta de nije gemeente.

Troch de gearfoeging fan dizze marken ûntstie ien fan 'e gruttere plattelânsgemeenten fan Nederlân. Yn dizze eardere gemeente Weerselo leine boppedat ek noch de tsjerkedoarpen Saasveld, Deurningen en Rossum. Dizze kearnen binne ûntstien nei de ynfal fan 'e biskop fan Múnster, Bernhard fan Galen, yn 1665. Doe krigen de katoliken de kâns om har as saneamde staasjes fan 'e parochy Oldenzaal ôf te skieden. Saasveld en Deurningen waarden troch deselde pryster betsjinne, en ek Rossum foarme tegearre mei De Lutte in eigen staasje. Benammen yn 'e twadde helte fan 'e 20e iuw fûn yn dizze tsjerkedoarpen in soad nijbou plak.

It Stift Weerselo wie it sintrum, en dêr waard ek it earste gemeentehûs boud. Sa waard Weerselo ek de namme fan 'e nije gemeente.

Gemeentlike weryndielingen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 'e rin fan 'e tiid hat de gemeente Weerselo in soad grûngebiet ôfstean moatten oan 'e gemeente Hengelo en letter ek oan 'e gemeente Oldenzaal. By de gemeentlike weryndieling yn it jier 2001 waarden Weerselo, Ootmarsum en Denekamp gearfoege ta de nije gemeente Dinkellân.

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. ↑ Canon van Nederland, oproppen 30 augustus 2026.

Dinkellân
Stêd:
Oatmarsum
Doarpen:
Ald Oatmarsum • Denekamp • Deurningen • Lattrop • Noard Deurningen • Rossum • Saasveld • Het Stift • Tilligte • Weerselo
Buorskippen:
Agelo • Beekdorp • Berghum • Breklenkamp • Dulder • Gammelke • Lemselo • Nijstad • Noordijk • Nutter • Volthe • Zoeke
Wetter:
Deurningerbeek • Gammelkerbeek • Roelinksbeek • Saasvelderbeek • Spikkersbeek
· · Berjocht bewurkje