Springe nei ynhâld

Weenske oester

Ut Wikipedy
De Weenske oester.

De Weenske oester is in sekshâlding dy't klassifisearre wurde moat as in fariant fan 'e bekendere misjonarishâlding. De frou leit hjirby op har rêch mei de skonken oplutsen, sadat se har knibbels ter hichte fan har boarsten hâldt. De man befynt him boppe har; hy leit net op har, mar ûnderstipet himsels op syn knibbels en earms, sadat de frou har ûnderskonken oer syn skouders hinne lizze kin. Har fuotten befine har dan efter de holle fan 'e man. Yn dizze lichemshâlding komme de stuten fan 'e frou los fan it bêd (of hokker oare ûndergrûn dan ek mar sprake fan is), sadat de man har hast rjocht omleech (en dêrtroch hiel maklik) penetrearje kin.

De oantsjutting "oester" is ôflaat fan 'e foarm dy't de fulva fan 'e frou yn dizze posysje oannimt. It is net dúdlik wat dizze sekshâlding krekt mei de Eastenrykske haadstêd Wenen te krijen hat, mar it is yn elts gefal in hiel algemiene namme, dy't ek yn it Ingelsk (Viennese oyster), Dútsk (Wiener Auster) en Nederlânsk (Weense oester) foarkomt.

De Weenske oester ferget fan 'e frou frijwat linigens. As it de frou net hielendal slagget om har fuotten yn 'e nekke fan 'e man te lizzen, kin de man har helpe troch har skonken beet te hâlden. De man kin yn dizze posysje djip yn 'e frou trochkringe, wat foar de frou pynlik wêze kin as de penis sa grut is dat er by it stjitten de limoerhals rekket. Foar de man kin de Weenske oester oangenaam wêze om't er hielendal by syn sekspartner nei binnen komme kin, mar ek om't syn testikels yn dizze hâlding, oars as by de normale misjonarishâlding, net hieltyd frij hingje, mar tsjin 'e stuten fan 'e frou oan wriuwe.

By de ejakulaasje fan 'e man befynt de penis him by de Weenske oester lyk foar de iepening fan 'e limoerhals. De ôfstân dy't de siedsellen ôflizze moatte om in aaisel te berikken is dêrtroch koarter as by de measte oare sekshâldings. Dêrom wurdt de Weenske oester soms oanrikkemandearre foar froulju dy't graach swier wurde wolle.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.