Wapen fan Wytgaard
Appearance

It wapen fan Wytgaard is it wapen fan it doarp Wytgaard, yn de Fryske gemeente Ljouwert. It wapen waard yn 1994 registrearre.
Beskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De blazoenearring fan it wapen is:
Yn goud in fersmelle weagjende peal fan azuer, rjochts beselskippe fan in earnekop en in kaam, lofts fan trije skeanlinks pleatste spikers mei de punt nei ûnderen rjochte, alles fan sabel.
De heraldyske kleuren binne: goud, azuer (blau) en sabel (swart).
Symbolyk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Weagjende peal: ferwiist nei de eardere lytse haven fan Wytgaard en De Swette westlik fan it doarp.
- Earnekop: oernommen út de wapens fan de famyljes Fan Feytsma, Fan Jeltinga en Fan Sytzama. Dizze famyljes bewennen de Feitsmastate en Camstrastate 1.
- Dûbelde kaam: oernommen út de wapens fan de famyljes Fan Cammingha en Fan Camstra. Dizze famyljes bewennen de Camminghastate en Camstrastate.
- Trije spikers: ferwize nei de krúswûnen fan Kristus. Dizze stie wer foar de Roomsk-katolike staasje yn Wytgaard en it "R.K. Religieus Documentatiecentrum voor Friesland". Dit sintrum ferhuze letter nei Boalsert.
- It wapen fan de famylje Van Feytsma.
- It wapen fan de famylje Van Sytzama.
- It wapen fan de famylje Van Cammingha.
- It wapen fan de famylje Van Camstra.