Wapen fan Wyns
Appearance

It wapen fan Wyns is it wapen fan it doarp Wyns, yn de Fryske gemeente Tytsjerksteradiel. It wapen waard yn 1984 registrearre.
Beskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De blazoenearring fan it wapen is:
Yn read twa peallen fan sulver; oer alles hinne in weagjende dwersbalke fan blau; boppe en ûnder, in gouden stjer mei njoggen punten.
De heraldyske kleuren binne: kiel (read), sulver, azuer (blau) en goud.
Symbolyk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Read fjild mei sulveren peallen: basearre op it wapen fan Eastergoa. Wyns wie haadplak fan it distrikt Winninghe dat ûngefear itselde wie as Eastergoa. It befette de gritenijen: Ferwerderadiel, Dongeradiel, Dantumadiel, Ljouwerteradiel, Tytsjerksteradiel en Idaerderadiel.
- Weagjende dwersbalke: ferwiist nei de Dokkumer Ie dêr't it doarp oan leit.
- Twa njoggenpuntige stjerren: ferwize nei de deputearren fan it distrikt Winninghe. Elke gritenij mocht elk yn grytman en twa bysitters stjoere, yn totaal njoggen deputearren.