Wapen fan Wergea
Appearance

It wapen fan Wergea is it wapen fan it doarp Wergea, yn de Fryske gemeente Ljouwert. It wapen waard yn 1986 registrearre.
Beskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De blazoenearring fan it wapen is:
Yn sulver in blauwe dwarsbalke mei slaggen deryn, belein mei in gouden reed; boppe-oan beselskippe fan twa reade kamrêden en ûnderoan trije reade fisken, pleatst twa-ien.
De heraldyske kleuren binne: sulver, azuer (blau), goud en kiel (read).
Symbolyk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Dwarsbalke: symboal foar it Ald Djip, in rivierke dy't fanôf Burgum fia Suwâld, Warten, Warstiens en Wergea nei de Middelsee streamde.
- Kamrêden: ferwize nei de eardere molkfabryk yn it doarp.
- Reden: ferwiist nei de fabrikaazje fan redens yn it doarp.
- Fisken: ferwize nei it eardere Wergeaster Mar.