Wapen fan Weidum
Appearance

It wapen fan Weidum is it wapen fan it doarp Weidum, yn de Fryske gemeente Ljouwert. It wapen waard yn 2001 registrearre.
Beskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De blazoenearring fan it wapen is:
Trochsnien neffens twa trepgevels neist inoar: a. yn blau in gouden seispuntige stjer; b. yn read twa sulveren leeljes, neist inoar pleatst, yn de skyldfoet beselskippe fan in sulveren rút.
De heraldyske kleuren binne: azuer (blau), goud, kiel (read) en sulver.
Symbolyk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Blau fjild: oernommen út it wapen fan Baarderadiel, de gritenij en gemeente dêr't it doarp eartiidsk part fan wie. Fan de 18e iuw oant de 20e iuw wie Weidum it haadplak fan Baarderadiel.
- Stjer: oernommen út it wapen fan Baarderadiel.
- Trepgevels: ferwize nei de staten dy't yn it doarp stiene: Dekemastate, Haniastate, Papmastate en Wobbemastate.
- Leeljes: oernommen út it wapen fan de famyljes Dekema en Hania.
- Rút: ferwiist nei de rjochtspraak en dêrmei it rjochtshûs fan de gritenij Baarderadiel dat yn Weidum stie. It rút komt ek foar yn it wapen fan de famylje Walta.
- It wapen fan de famylje Dekema.