Wapen fan Warfstermûne
Appearance

It wapen fan Warfstermûne (Kollumerlânsk: woapen van Warfstermeul) is it wapen fan it doarp Warfstermûne, yn de Fryske gemeente Noardeast-Fryslân. It wapen waard yn 1976 registrearre.
Beskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De blazoenearring fan it wapen is:
Yn goud trije reade mûne-izers, pleatse 1:2, mei in griene skyldfoet.
De heraldyske kleuren binne: goud, kiel (read) en sinopel (grien).
Symbolyk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Gouden fjild: stiet foar it goudgiele nôt dat rûn it doarp stien hat.
- Mûne-izers: symbool foar de mûne dy eartiidsk yn it doarp stie en wêr it doarp syn namme te tanken hat.
- Griene skyldfoet: ferwiist nei de fruchtbere klaaigrûn rûn it doarp.