Wapen fan Waaksens (Súdwest-Fryslân)
Appearance

It wapen fan Waaksens is it wapen fan it doarp Waaksens, yn de Fryske gemeente Súdwest-Fryslân. It wapen waard yn 2001 registrearre.
Beskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De blazoenearring fan it wapen is:
Yn blau twa gouden punten, útgeande fan de ûnderrâne fan it skyldhaad, de ûnderskyldrâne reitsjende; yn de skyldfoet beselskippe fan in gouden klaver; in grien skyldhaad, belein mei twa sulveren swimraende einen.
De heraldyske kleuren binne: azuer (blau), goud, sinopel (grien) en sulver.
Symbolyk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Blau fjild: oernommen út it wapen fan Littenseradiel, de gemeente dêr't Waaksens eartiidsk part fan wei.
- Gouden punten: ferwize nei de doarpskom en de buorskip Toarnwert. Dizze punten foarmje tegearre foar de letter W fan Waaksens.
- Klaverblêd: ferwiist nei de feehâlderij en de greiden yn de omkriten fan it doarp.
- Einen: ferwize nei de einekoai noardlik fan it doarp.
- Skyldhaad: de kleur grien ferwiist ek nei de greiden yn de omkriten fan it doarp.