Springe nei ynhâld

Wapen fan Wâlterswâld

Ut Wikipedy
Wapen fan Wâlterswâld

It wapen fan Wâlterswâld is it wapen fan it doarp Wâlterswâld, yn de Fryske gemeente Dantumadiel. It wapen waard yn 1996 registrearre.

De blazoenearring fan it wapen is:

Trochsnien yn trijen, fan grien, goud en swart; it grien belein mei in omkearde heale moanne fan sulver, it goud mei twa sûkereiblommen fan blau, en it swart mei in gouden ikel.

De heraldyske kleuren binne: sinopel (grien), goud, sabel (swart), sulver en azuer (blau).

  • Griene baan: ferwiist nei de lizzing fan it doarp yn de Dokkumer Wâlden.
  • Heale moanne: oernommen út it wapen fan Dokkum.
  • Gouden baan: ferwiist nei de sângrûn wêr't it doarp op leit.
  • Sûkereiblommen: stie foar de teelt fan sûkerei en it oantal twa ferwiist nei de twa wenkearnen fan it doarp.
  • Swarte baan: ferwiist nei it fean yn de omkriten fan it doarp.
  • Ikel: stiet foar de ikebeammen dy't yn de omkriten fan it doap stie.