Springe nei ynhâld

Wapen fan Twizelerheide

Ut Wikipedy
Wapen fan Twizelerheide

It wapen fan Twizelerheide is it wapen fan it doarp Twizelerheide, yn de Fryske gemeente Achtkarspelen. It wapen waard yn 1999 registrearre.

De blazoenearring fan it wapen is:

Trochsnijd: a. fan goud; oerlutsen fan read, trije kear toske en reitsjende de bopperâne fan it skyld, belein mei in takkebosk, oan beide siden beselskippe fan in heideblom mei rûn it hert fjouwer lytse kroanblêden, pleatst neffens in skean krús, en fjouwer grutte tsjelkblêden, pleatst neffens in rjocht krús, alles fan sulver; b. yn grien in rjochts skean pleatste gouden punt, útgeande fan de linker skyldrâne en de top de rjochter skyldhoeke reitsjende, de punt belein mei in rjochts skean pleatste griene klaver.

De heraldyske kleuren binne: goud, kiel (read), sulver en sinopel (grien).

  • Reade skyldhaad en heideblommen: ferwize nei de heide yn de omkriten fan it doarp. De punten ferwize nei de bewenning fan de heide mei it goud as ferwizing nei in bettere takomst.
  • Takkebosk: waard brûkt foar in meitsjen fan biezems en as branje.
  • Grien fjild: ferwiist nei de greiden yn de omkriten fan it doarp.
  • Gouden punt: ferwiist nei it izer fan in ploech.