Wapen fan Twizel
Appearance

It wapen fan Twizel is it wapen fan it doarp Twizel, yn de Fryske gemeente Achtkarspelen. It wapen waard yn 1999 registrearre.
Beskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De blazoenearring fan it wapen is:
Yn goud in swarte gaffel, fan boppe beselskippe fan in boekweetkerl, rjochts fan in rogge-ier en lofts fan in klaver, alles fan grien; in read hertskyld, belein mei in sulveren wezeling.
De heraldyske kleuren binne: goud, sabel (swart), sinopel (grien), kiel (read) en sulver.
Symbolyk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Gouden fjild: ferwiist nei de sângrûn dêr't it doarp op leit.
- Gaffel: ferwiist nei de splitsing fan wegen yn Twizel.
- Boekweetkerl: ferwiist nei de pelmûne dy't yn it doarp stie.
- Rogge-ier: lofts pleatst. Westlik fan it doarp waard rogge ferboud.
- Klaver: rjochts pleatst. Eastlik fan it doarp leine de greiden.
- Wezeling: ferwiist nei de bynamme fan de bewenners fan Twizel: "wezelingen".