Wapen fan Tsjalbert

It wapen fan Tsjalbert is it wapen fan it doarp Tsjalbert, yn de Fryske gemeente It Hearrenfean. It wapen is yn syn hjoeddeiske foarm yn 2000 registrearre.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It wapen komt fan in nachtmielsbeker fan de Aenjewierder Tsjerke fan Tsjalbert. Dy beker komt út de 17e iuw. Om't de wapens siswizen yn it Latyn befetsje, kin de skriuwer mooglik in geastlike wêze. De eide soe wize op it rjochtshûs dy't yn Tsjalbert stien hat. Hoewol't it wapen al in skoft bekend wie, waard it yn 2000 offisjeel registrearre op inisjatyf fan Pleatslik Belang.
Beskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De blazoenearring fan it wapen is:
Yn grien in eide fan goud, mei 16 punten fan sulver, de eide pleatst as in rút. Wapenspreuk: op in grien lint yn wite kapitalen: "Justitia"
De heraldyske kleuren binne: sinopel (grien), goud en sulver.