Wapen fan Terherne

It wapen fan Terherne is it wapen fan it doarp Terherne, yn de Fryske gemeente De Fryske Marren. It wapen waard yn syn hjoedeiske foarm yn 1986 registrearre.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It ûntwerp is fan de Fryske Rie foar Heraldyk.
It wapen is bekend fan it kastduorke út it doarpskafee 'Zevenwouden' oan de Buorrren yn Terherne. Neist de ôfbylding fan it wapen fan Sânwâlden stiet de tekst: Als ik het wel heb onthouden, is dit de hoek fan Zevenwouden. It kastduorke komt út in buorkerij yn de uterste hoeke fan it doarp oan De Herne. Herne betsjut hoeke. Troch de lizzing yn de uterste hoeke fan Sânwâlden stie de buorkerij op it trijedistriktenpunt mei Eastergoa en Westergoa.
Beskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De blazoenearring fan it wapen is:
Trije giele klaverblêden, twa yn'e midden en ien dêrboppe, ûnder in wite leelje. De ûndergrûn read.
De heraldyske kleuren binne: kiel (read), goud en sulver.
Symbolyk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Klaverblêden: oernommen út it wapen fan Utingeradiel, ek stiet it foar de lânbou.
- Leelje: symboal foar Marije, ek is de leelje it heraldysk symboal fan de stêd Florâns.