Wapen fan Tearns
Appearance

It wapen fan Tearns is it wapen fan it doarp Tearns, yn de Fryske gemeente Ljouwert. It wapen waard yn 1994 registrearre.
Beskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De blazoenearring fan it wapen is:
Yn kiel in brutsen rêd fan sulver en in weagjende skyldfoet fan sulver en azuer fan fjouwer stikken.
De heraldyske kleuren binne: kiel (read), sulver en azuer (blau).
Symbolyk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Rêd: attribút fan Katarina fan Aleksandrje, eardere patroanhillige fan de tsjerke fan Tearns.
- Skyldfoet: ferwiist nei de wetterrike omkriten fan it doarp.
- Kleurstelling: oernommen út it wapen fan Eastergoa.