Springe nei ynhâld

Wapen fan Suwâld

Ut Wikipedy
Wapen fan Suwâld

It wapen fan Suwâld is it wapen fan it doarp Suwâld, yn de Fryske gemeente Tytsjerksteradiel. It wapen waard yn 1984 registrearre.

De blazoenearring fan it wapen is:

Yn it swarte in peal fan goud; oan beide kanten trije swimmende sulveren einen, pealswize pleatst.

De heraldyske kleuren binne: sabel (swart), goud en sulver.

  • Gouden peal: ferwiist nei de sânrêge wêr't it doarp op leit.
  • Swarte fjilden: ferwize nei de feanterij eastlik en westlik fan it doarp.
  • Einen: ferwize nei de einekoai westlik fan it doarp.