Wapen fan Smelle Ie en De Wylgen
Appearance

It wapen fan Smelle Ie en De Wylgen is it wapen fan de doarpen Smelle Ie en De Wylgen, yn de Fryske gemeente Smellingerlân. It wapen waard yn 2007 registrearre.
Beskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De blazoenearring fan it wapen is:
A. yn blau in gouden spitskrús; B. yn goud trije beammen op in grûn, alles fan grien.
De heraldyske kleuren binne: azuer (blau), goud en sinopel (grien).
Symbolyk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Blau fjild: ferwiist nei de Smeliester Sân.
- Gouden spitskrús: symboal foar it kleaster dy't yn Smelle Ie stie. De punten oan de earmen fan it krús ferwize nei de skâns dy hjir lei. De gouden kleur ferwiist nei de sângrûn wêr't de doarpen op lizze.
- Trije beammen: ferwize nei de plaknamme De Wylgen. Dêrneist ferwize de beammen nei de trije plakken Smelle Ie, De Wylgen en Bûtenstfallaat.