Wapen fan Skettens
Appearance

It wapen fan Skettens is it wapen fan it doarp Skettens, yn de Fryske gemeente Súdwest-Fryslân. It wapen waard yn 1969 registrearre.
Beskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De blazoenearring fan it wapen is:
Skeanoer fan rjochtsboppe fan read en sulver; yn read in sulveren roas; yn sulver in reade leelje.
De heraldyske kleuren binne: kiel (read) en sulver.
Symbolyk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Kleurstelling, roas en leelje: oernommen út it wapen fan de famylje Van Osinga dy't yn it doarp de Osingastate bewenne.