Springe nei ynhâld

Wapen fan Skearnegoutum

Ut Wikipedy
Wapen fan Skearnegoutum

It wapen fan Skearnegoutum is it wapen fan it doarp Skearnegoutum, yn de Fryske gemeente Súdwest-Fryslân. It wapen waard yn 1989 registrearre.

De blazoenearring fan it wapen is:

Yn azuer in fersmelle weagjende dwersbalke fan sulver; oer alles hinne in fiifpuntige stjer fan goud; en in skyldhaad fan goud, belein mei in út de dielingsline kommende dûbelde earnekop fan sabel, mei in bek en tong fan kiel.

De heraldyske kleuren binne: azuer (blau), sulver, goud, sabel (swart) en kiel (read).