Wapen fan Sint-Jabik

It wapen fan Sint-Jabik (Frysk en Biltsk) is it wapen fan it doarp Sint-Jabik, yn de Fryske gemeente De Waadhoeke. It wapen waard yn 2001 registrearre.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It wapen fan Sint-Jabik is oerlevere yn in rymke: "In Jan met in Japik, is het wapen van Sint-Japik". Oan dit wapen is in skulp tafoege.
Beskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De blazoenearring fan it wapen is:
Fan blau, omkeard en ynbûge mei in mantel fan read; it read belein mei twa hilligen, links de apostel en evangelist Jehannes, hâldend yn syn rjochterhân in gifbeker mei slange en yn de linkerhân in bibel, alles fan goud; rjochts de apostel Jakobus, hâldend yn de linkerhân in pylgerstêf en yn de rjochterhân in bibel, op syn holle in hoed mei brede, opsteande rânen mei in pylgersskulp (Sint-Jabiksskulp) foarop, alles fan goud; de beide hilligen tarisse mei de harren tahearrende attributen; yn it skyldhaad yn it blau in sulveren Sint-Jabiksskulp.
De heraldyske kleuren binne: azuer (blau), kiel (read), goud en sulver.
Symbolyk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Johannes de Evangelist: oernommen út it rymke oer it wapen.
- Jakobus de Meardere: ek oernommen út it rymke oer it wapen. Ek ferwiist it nei de plaknamme fan it doarp.
- Sint-Jabiksskulp: tafoege as ekstra ferwizing nei de plaknamme.