Wapen fan Sigerswâld
Appearance

It wapen fan Sigerswâld is it wapen fan it doarp Sigerswâld, yn de Fryske gemeente Opsterlân. It wapen waard yn 1994 registrearre.
Beskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De blazoenearring fan it wapen is:
Trochsnijd; I. yn kiel in seineblêd fan sulver; II. yn azuer fjouwer turven fan sulver pleatst 1, 2 en 1; oer de trochsnijingsline in fersmelle dwersbalke fan sulver.
De heraldyske kleuren binne: kiel (read), sulver en azuer (blau).
Symbolyk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Seineblêd: ferwiist nei it hege diel fan it doarp mei de Herfoarme Tsjerke fan Sigerswâld. De seine ferwiist nei de lânbou en feehâlderij.
- Sulveren dwersbalke: ferbyldet de Drachtster Feart dy't it doarp yn twaën dield.
- Blau fjild: ferwiist nei it grutte tal wetters yn de omkriten fan it doarp. Sa as de Sigerwâldstermar en de Waasmar.
- Sulveren turven: ferwize nei de feanterij yn de omkriten fan it doarp. De turven binne yn in krús pleatse as ferwizing nei it foarwurk fan it kleaster yn Smelle Ie.