Wapen fan Sibrandahûs
Appearance

It wapen fan Sibrandahûs is it wapen fan it doarp Sibrandahûs, yn de Fryske gemeente Dantumadiel. It wapen waard yn 2001 registrearre.
Beskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De blazoenearring fan it wapen is:
Keperfoarmich trochsnien: a. fan goud, belein mei in ôfskuorde omwarrende swarte earnekop en in reade, ôfskuorde liuwekop; b. fan read, belein mei in sulveren swurd mei gouden hânfetsel, mei de punt omheech, mei boppe op de punt ien en oan beide siden fiif gouden flammen, útgeande fan it swurd.
De heraldyske kleuren binne: goud, sabel (swart) en kiel (read).
Symbolyk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Read fjil: ferwiist nei it part "hûs" út de plaknamme.
- Swurd mei flammen: ferwiist nei it part "Sibranda" út de plaknamme. Dizze namme betsjut soksawat as "flamjend swurd fan oerwinning".
- Earnekop: oernommen út it wapen fan de famylje Tjarda fan Starkenborgh. Dizze famylje hat in grêfkelder yn de Kleasterkapel Sibrandahûs.
- Liuwekop: oernommen út it wapen fan de famylje Tjarda fan Starkenborgh.
- It wapen fan de famylje Tjarda fan Starkenborgh.