Wapen fan Rie
Appearance

It wapen fan Rie is it wapen fan it doarp Rie, yn de Fryske gemeente De Waadhoeke. It wapen waard yn 2000 registrearre.
Beskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De blazoenearring fan it wapen is:
Yn sylver in weagjende blauwe linkerskeanbalke, belein mei twa gouden nôtieren yn de sin fan de balke; de balke fan boppe beselskippe troch in oansjende swarte kattekop mei gouden eagen en fan ûnderen troch trije griene klaverblêden.
De heraldyske kleuren binne: sulver, azuer (blau), goud, sabel (swart) en sinopel (grien).
Symbolyk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Weagjende skeanbalke: symboal foar De Rie, wêr't it doarp syn namme oan te tanken hat.
- Nôtieren: ferwiist nei de klaai as lânbougrûn.
- Klaverblêden: ferwiist nei de feehâlderij fan mingde bedriuwen.
- Kattekop: ferwiist nei de skelnamme fan de ynwenners fan Rie: Riedster katten.
- Kleurstelling: it wapen is in ferzje fan it wapen fan Westergoa.