Springe nei ynhâld

Wapen fan Poppenwier

Ut Wikipedy
Wapen fan Poppenwier

It wapen fan Poppenwier is it wapen fan it doarp Poppenwier, yn de Fryske gemeente Súdwest-Fryslân. It wapen waard yn 1986 registrearre.

De blazoenearring fan it wapen is:

Yn read twa roazen en yn de foet fan it skyld in leelje, alles fan goud.

De heraldyske kleuren binne: kiel (read) en goud.

  • Roazen: oernommen út it wapen fan de famylje Albada, dy't de Albadastins by it doarp bewenne.
  • Leelje: oernommen út it wapen fan de famylje Albada.
  • Kleurstelling: oernommen út de wapens fan de famylje Albada en Raerderhim, de gritenij en gemeente dêr't it doarp eartiidsk part fan wie.