Wapen fan Penjum
Appearance

It wapen fan Penjum is it wapen fan it doarp Penjum, yn de Fryske gemeente Súdwest-Fryslân. It wapen waard yn 1969 registrearre.
Beskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De blazoenearring fan it wapen is:
Yn blau mei in gouden skyldseame in leelje fan itselde.
De heraldyske kleuren binne: azuer (blau) en goud.
Symbolyk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Skyldseame: ferwizing nei de Penjumer Halsbân, in ringdyk rûn it doarp.
- Leelje: oernommen út it wapen fan de famylje Hiddema, dy't in stins by it doarp bewenne.