Springe nei ynhâld

Wapen fan Olterterp

Ut Wikipedy
Wapen fan Olterterp

It wapen fan Olterterp is it wapen fan it doarp Olterterp, yn de Fryske gemeente Opsterlân. It wapen waard yn 1995 registrearre.

De blazoenearring fan it wapen is:

Trochsnijd: I. yn kiel twa ôfkearde iketûken, besteande út twa blêden en in ikel fan goud; II. yn goud in trijeblêdige flaaksblom, de kroanblêden fan azuer, de tsjelkblêden fan sinopel.

De heraldyske kleuren binne: kiel (read), goud, azuer (blau) en sinopel (grien).

  • Iketûken: ferwiist nei de bosken yn de omkriten fan it doarp.
  • Read fjild: ferwiist nei de heiden yn de omkriten fan it doarp.
  • Flaaksblom: oernommen út it wapen fan de famylje Fan Boelens.
  • Gouden fjild: ferwiist nei de sângrûn en de ikker dêr't rogge ferboud wurdt.