Wapen fan Oerterp
Appearance

It wapen fan Oerterp is it wapen fan it doarp Oerterp, yn de Fryske gemeente Opsterlân. It wapen waard yn 1982 registrearre.
Beskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De blazoenearring fan it wapen is:
Yn swart in gouden keper, belein mei in grien klaverblêd, de keper fan boppe beselskippe fan twa gouden mûne-izers en fan ûnderen in oansjende rammekop.
De heraldyske kleuren binne: sabel (swart), goud, sinopel (grien) en sulver.
Symbolyk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Swarte fjild: ferwiist nei it fean dat eartiidsk oanwêzich wie yn de omkriten fan it doarp.
- Gouden keper: ferwizing nei de lizzing fan it doarp op in sânrêge.
- Klaverblêd: ferwiist nei de lânbou yn de omkriten fan it doarp.
- Rammekop: ferwiist ek nei de lânbou. De skieppehâlderij wie in wichtich middel fan bestean foar de boeren op de feangrûn. Skiep soargen foar dong dat de lânbou mooglik makke.
- Mûne izers: ferwize nei de mûnen dy't doarp ryk wie.