Springe nei ynhâld

Wapen fan Nyegea

Ut Wikipedy
Wapen fan Nyegea

It wapen fan Nyegea is it wapen fan it doarp Nyegea, yn de Fryske gemeente Smellingerlân. It wapen waard yn 2002 registrearre.

De blazoenearring fan it wapen is:

Yn fjouweren: I en IV fan swart, II en III fan grien; oer de dielingslinen in gouden krús, belein mei in ferkoarte beselskippe fan in gouden achtpuntige stjer en yn it twadde kertier fan in gouden útskuorde ikebeam.

De heraldyske kleuren binne: sabel (swart), sinopel (grien), goud en kiel (read).

  • Swarte kertieren: ferwiist nei it eardere fean yn de omkriten fan it doarp.
  • Griene kertieren: ferwiist nei de gêslannen yn de omkriten fan it doarp.
  • Gouden krús: ferwiist nei de lizzing fan it doarp op in krúspunt fan diken. De gouden kleur ferwiist nei de sângrûn dêr't it doarp op leit.
  • Read krús: ferwiist nei de bebouwing fan it doarp en nei it plak fan de Herfoarme Tsjerke fan Nyegea by de Nyegeasterhoeke.
  • Achtpuntige stjer: ferwiist nei de buorskippen dy't yn de himrik fan it doarp lizze: Eibertsgeasten, Stienkampen, Nyegeaster Finnen, Hegewei, Wierren, Westerein en De Tike (sûnt 1952 in selsstannich doarp).
  • Ikebeam: ferwiist nei it grutte tal beammen yn de omkriten fan it doarp en de Fryske Wâlden dêr't it doarp yn leit.