Wapen fan Nijskoat
Appearance

It wapen fan Nijskoat is it wapen fan it doarp Nijskoat, yn de Fryske gemeente It Hearrenfean. It wapen waard yn 2007 registrearre.
Beskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De blazoenearring fan it wapen is:
Yn goud in griene punt, oertoppe troch in reade swimmende ein; de punt yn de skyldfoet belein mei in sulveren kalver en oan wjerskanten beselskippe fan in ikel op in stâle en in blêd oan wjerskanten, alles fan grien.
De heraldyske kleuren binne: goud, sinopel (grien), kiel (read) en sulver.
Symbolyk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Gouden fjild: ferwiist nei de sângrûn dêr't it doarp op leit.
- Griene punt: ferbyldet it diel "skoat" fan de plaknamme. Dit bestjut "foarút springend stik lân".
- Klaverblêd: ferwiist nei it agraryske karakter fan it doarp.
- Iketûken: ferwize nei de natuer yn de omkriten fan it doarp.
- Ein: ferwiist nei de eardere einekoaien yn de omkriten fan it doarp.