Wapen fan Nij Beets
Appearance

It wapen fan Nij Beets is it wapen fan it doarp Nij Beets, yn de Fryske gemeente Opsterlân. It wapen waard yn 1994 registrearre.
Beskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De blazoenearring fan it wapen is:
Weagjend trochsnien: I yn goud twa klaverblêdden fan kiel, II yn sabel trije turven fan sulver, pleatse 2 en 1; oer alles hinne in turfstekker fan it ien yn it oare.
De heraldyske kleuren binne: goud, kiel (read), sabel (swart) en sulver.
Symbolyk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Swarte fjild: ferwiist nei it fean yn de omkriten fan it doarp. De weagjende râne ferwiist nei it part "beets" fan de plaknamme, wat beek betsjut. It giet om De Boarn.
- Gouden fjild: ferwiist nei de sângrûn dêr't it doarp op leit.
- Turfstekker: ferwizing nei de feanterij yn de omkriten fan it doarp.
- Sulveren turven: ferwizing nei de feanterij.
- Reade klavers: ferwiist nei it agraryske karakter fan de omkriten fan it doarp.