Wapen fan Nij Altena
Appearance

It wapen fan Nij Altena (Biltsk: wapen fan Nij Altoenae) is it wapen fan it doarp Nij Altena, yn de Fryske gemeente De Waadhoeke. It wapen waard yn 2010 registrearre.
Beskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De blazoenearring fan it wapen is:
Yn grien in fermelle dwersbalke, loftsboppe beselskippe fan in klaver en fan ûnderen fan twa nôtieren, pleatst as in omkearde keper, mei de stâlen oer elkoar hinne lein, alles fan goud; in read kanton, belein mei twa gouden salmen.
De heraldyske kleuren binne: sinopel (grien), goud en kiel (read).
Symbolyk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Gouden dwersbalke: ferwiist nei de Aldebiltdyk dêr't it doarp oan leit. De gouden kleur ferwiist nei de âlde namme "gouden hoep" fan de dyk.
- Klaverblêd: ferwiist nei de lânbou yn de omkriten fan it doarp.
- Nôtieren: ferwize ek nei de lânbou yn de omkriten fan it doarp.
- Frijkertier: oernommen yn Hollânske kleuren as ferwizing nei de Hollânske arbeiders dy't It Bilt ynpoldere hawwe. It frijkertier toant it wapen fan it Lân fan Altena yn omkearde kleuren as ferwizing nei de plaknamme fan it doarp.
- It wapen fan it Lân fan Altena.