Wapen fan Minnertsgea
Appearance

It wapen fan Minnertsgea is it wapen fan it doarp Minnertsgea, yn de Fryske gemeente De Waadhoeke. It wapen waard yn 2003 registrearre.
Beskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De blazoenearring fan it wapen is:
Ferdield: I. yn blau in gouden bûne nôtskeaf; II. yn blau in pleatst sulveren seehoarntsje yn in pealfoarm mei de punt nei ûnderen, dêr't trije gouden ieren út komme; in gouden skyldhaad, belein mei in útkommende swarte dûbbele earn, mei reade bekken en tongen; yn it blau in yndreaune gouden punt, belein mei in griene klaver.
De heraldyske kleuren binne: azuer (blau), goud, sulver, sabel (swart), kiel (read) en sinopel (grien).
Symbolyk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Dûbelkoppige earn: oernommen út it wapen fan de famylje Hermana, dy't twa stinsen bewenne ha yn it doarp.
- Nôtskeaf: oernommen út it wapen fan Barradiel, de gritenij en gemeente dêr't it doarp eartiidsk part fan wie.
- Seehoarntsje: oernommen út it wapen fan It Bilt, de gemeente dêr't it doarp eartiidsk part fan wie.
- Klaverblêd: symboal foar de lânbou yn de omkriten fan it doarp.