Wapen fan Marrum-Westernijtsjerk
Appearance

It wapen fan Marrum-Westernijtsjerk is it wapen fan it doarp Marrum en it eardere doarp (no buorskip) Westernijtsjerk, yn de Fryske gemeente Noardeast-Fryslân. It wapen waard registrearre yn 2001.
Beskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De blazonering fan it wapen is:
Yn goud in kat en in roek, beide swart en takeard, de earste sittend en de twadde steand op in griene katiele skyldfoet, de sturt fan de kat nei ûnderen oer it griene hinne slein; in blau skyldhaad, belein mei trije sulveren seispuntige stjerren.
De heraldyske kleuren binne: goud, sabel (swart), sinopel (grien), azuer (blau) en sulver.
Symbolyk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Kat: skelnamme foar in ynwenner fan Marrum.
- Roek: skelnamme foar in ynwenner fan Westernijtsjerk.
- Skyldfoet: ferwiist nei it agraryske karakter fan de twa plakken. De kantels ferwize nei de staten dy yn it doarp stien ha.
- Skyldkop: ferwiist nei de Waadseekust. De seispuntige stjerren komme foar yn de wapens fan de famyljes Jeppema en Sirtema van Grovestins. Ek wurde dizze stjerren werom fûn yn it wapen fan Ferwerderadiel.
- Kleurstelling: oernommen út de wapens fan de famyljes: Ponga, Wynia, Walta en Van Idsinga. Dizze famyljes bewennen staten yn en rûn de doarpen. It gouden fjild mei de swarte bisten is oernommen út de wapens mei in heale Fryske earn.
- It wapen fan Sirtema fan Grovestins.
- De Fryske heale earn.